1924 is in skrikkeljier dat begjint mei in tiisdei. (Gregoriaanske kalinder foar 1924.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1920-er jierren.
Foarfallen
- 1 jannewaris - Grikelân giet oer op de Gregoriaanske kalinder.
- 5 jannewaris - It earste Nederlânsk kampioenskip koartebaanreedriden wurdt holden yn Ryptsjerk.
- 14 jannewaris - De Alliëarden beslute om 'e stêd Rijeka (Italjaansk: Fiume), yn Istrje, dochs ta te wizen oan Itaalje. Dêrmei komt in ein oan 'e Frijsteat Fiume.
- 21 jannewaris - Yn Moskou komt de kommunistyske foaroanman Vladimir Lenin nei in nije oerhaal te ferstjerren.
- 23 jannewaris - Ramsay MacDonald wurdt de earste sosjalistyske premier fan it Feriene Keninkryk.
- 24 jannewaris - De namme fan Petrograd (earder: Sint-Petersburch), yn Ruslân, wurdt feroare yn 'Leningrad', nei de kommunistyske foaroanman Vladimir Lenin.
- 25 jannewaris-5 febrewaris - Yn Chamonix, yn Frankryk, wurdt de earste edysje fan 'e Olympyske Winterspullen holden.
- 8 febrewaris - Yn 'e Feriene Steaten wurdt foar it earst in deastraf útfierd mei help fan in gaskeamer.
- 24 febrewaris - Mahatma Gandhi, de foaroanman fan it Yndysk Nasjonaal Kongres, wurdt yn Britsk-Ynje frijlitten út Britske finzenskip fanwegen syn swakke sûnens.
- 26 febrewaris - Yn München begjint it proses tsjin Adolf Hitler, Erich Ludendorff en de oare dieders fan 'e mislearre Bierkelderpûtsj.
- 9 maart - Joegoslaavje stimt nei trije jier dwerslizzen yn mei de anneksaasje fan Fiume troch Itaalje. Yn ruil dêrfoar sjocht Itaalje ôf fan alle oare oanspraken op Istrje en Dalmaasje.
- 1 april - De rjochtbank yn München leit de nasjonaal-sosjalistyske foaroanman Adolf Hitler, foar syn oandiel yn 'e saneamde Bierkelderpûtsj, in tige mylde finzenisstraf fan fiif jier op en in jildboete fan 200 goudmark. Syn meistanner, de âld-generaal Erich Ludendorff, tsjin wa't ûnder it proses earnstich belêstend bewiismateriaal boppe wetter kommen wie, wurdt sels hielendal frijsprutsen.
- 6 april - By parlemintsferkiezings yn Itaalje, dy't mank geane mei slimme terreur fan 'e faksisten tsjin al harren tsjinstanners, wint de Nasjonale Faksistyske Partij fan Benito Mussolini 65% fan 'e stimmen.
- 20 april - Turkije kriget ûnder it bewâld fan Mustafa Kemal Atatürk in nije grûnwet.
- 1 maaie - Yn 'e Grykske haadstêd Atene wurdt troch premier Eleftherios Venizelos de Helleenske Republyk útroppen.
- 4 maaie - By Ryksdeiferkiezings yn Dútslân ferlieze alle demokratyske politike partijen oanhing. Winst wurdt boekt troch de kommunisten en de rjochts-ekstremistyske Deutschvölkische Freiheitspartei (DVFP), dêr't û.m. de nasjonaal-sosjalisten fan 'e eardere NSDAP harren by oansletten hawwe.
- 8 maaie - It Memellân wurdt troch de Alliëarden definityf oan Litouwen tawiisd.
- 14 maaie - Yn noardlik Marokko wurdt de Ynternasjonale Sône fan Tanger oprjochte.
- 23 maaie - Op it partijkongres fan 'e Kommunistyske Partij fan de Sovjet-Uny wit Josef Stalin syn rivaal Leon Trotski hast hielendal te isolearjen. Trotski wurdt troch Stalin en dy syn trewanten beskuldige fan anty-marxistyske ôfwikings, yllegale fraksjefoarming, mensjevistyske en lytsboargerlike tinkbylden en oare misdriuwen en flaters.
- 10 juny - Yn 'e Italjaanske haadstêd Rome wurdt de sosjalistyske foaroanman Giacomo Matteotti troch faksisten fermoarde.
- 29 augustus - De Dútske Ryksdei stimt yn mei it troch Alliëarden foarleine Dawesplan (in betinksel fan 'e Amerikaanske bankier Charles G. Dawes), dat ekonomyske herfoarmings foarstiet dy't Dútslân by steat stelle moatte om te foldwaan oan 'e ferhelbetellings.
- 17 septimber - It Italjaanske regear seit it yn 1920 mei Joegoslaavje sletten Ferdrach fan Rapallo op. Dat betsjut dat Itaalje wer oanspraak makket op 'e Joegoslavyske dielen fan Dalmaasje.
- 28 septimber - Earste flecht om de wrâld, troch twa fleantugen fan it Amerikaanske Leger.
- 29 septimber - De Dominikaanske Republyk wurdt lid fan it Folkebûn.
- 16 oktober - Hûssein bin Ali, de kening fan 'e Hidjas, docht ôfstân fan 'e troan en giet yn ballingskip op Syprus. Syn soan soan Ali folget him op en set de striid tsjin 'e Nêzjdyske ynfallers fuort.
- 26 novimber - De (kommunistyske) Mongoalske Folksrepublyk wurdt oprjochte.
- 30 novimber - Frankryk makket in begjin mei it weromlûken fan syn troepen út it Ruhrgebiet. Dêrmei komt in ein oan 'e Frânsk-Belgyske Besetting fan it Ruhrgebiet.
- 7 desimber - By Ryksdeiferkiezings yn Dútslân ferlieze de nasjonaal-sosjalistyske NSDAP en de kommunistyske KPD sitten. De grutte winner is de sosjalistyske SPD.
- 20 desimber - It Dútske regear ferlient Adolf Hitler, de eardere lieder fan 'e nasjonaal-sosjalistyske NSDAP, graasje foar syn oandiel yn 'e Bierkelderpûtsj. Hy komt daliks frij. Hy hat al mei al mar twa jier fêstsitten; dy tiid hat er brûkt om it boek Mein Kampf te skriuwen.
- 24 desimber - By in steatsgreep yn Albaanje grypt de eardere premier Ahmed Zogu de macht.
- 27 desimber - De Feriene Steaten beëinigje harren besetting fan 'e Dominikaanske Republyk, dy't al fan 1916 ôf duorret.
Berne
- jannewaris
- febrewaris
- maart
- april
- maaie
- juny
- july
- augustus
- septimber
- oktober
- novimber
- desimber
Ferstoarn
Literatuer
- prizen
- romans
- poëzij
- non-fiksje
Muzyk
Byldzjende keunst
Boukeunst
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory 1924 fan Wikimedia Commons.
|
|
|