Share to: share facebook share twitter share wa share telegram print page

 

Diet Huber

Diet Huber oftewol Berendina Barkey-Huber (Ljouwert, 9 april 1924 - Amsterdam, 7 oktober 2008) wie in Frysk skriuwster en yllustratrise fan berneboeken. Se hat in grut tal berneboeken yn it Frysk en Hollânsk makke, mar se waard benammen bekend as de ‘Mem fan Tutte', it bekendste berneferske út 1953.

Libben

Yn 1946 gie se nei Amsterdamse keunstnijverheidskoalle, de foarrinner fan de Rietveld Akademy. Dêr siet se fjouwer jier lang yn ’e yllustraasjeklasse. Nei ôfrin reizge se foar in jier nei Stockholm ta dêr’t se wurke as freelancer. Se makke dęr yllustraasjes foar boeken en tydskriften, mar stjoerde ek ferhalen op. Yn 1952 frege Friesche Koerier-haadredakteur Fedde Schurer har foar de bernerubryk De Kleine Koerier. It waard de oanset ta har twatalich skriuwerskip. Diet Huber skreau foar de Friese Koerier fan 1952 oant 1961. Op fersyk fan Wim Hora Adema hat se - as opfolchster fan Annie M.G. Schmidt – njoggen jier berneferskes skreaun foar Het Parool. Yn 1954 skreaune Tiny Mulder en Huber mei Jant Visser-Bakker It boek foar de Fryske bern. In boek mei gedichten, riedselrymkes, lietsjes en ferhalen mei yllustraasjes fan Huber.

Musikus Hindrik van der Meer skreau yn de santiger jierren muzyk op ferskillende gedichten fan de wurdkeunstneresse.

Wurk

Berneboeken

  • 1955 - Tutte mei de Linten : ferskes (út de ‘Friese Koerier’) (12e printinge yn 2012)
  • 1957 - De Mâlbroekmich (3e printinge 1982)
  • 1959 - De uil met de zeven zuurtjes
  • 1963 - De snars, de fluit, de sikkepit
  • 1973 - Tutte mei de linten
  • 1976 - De Teltsjebeam (2e printinge 1979)
  • 1979 - De Veter-eter
  • 1979 - Fryske poesyalbumferskes
  • 1980 - It abee fan Boukje
  • 1980 - Poesiealbumversjes
  • 1981 - Elleke is boos
  • 1981 - Letje Annabetje Bot
  • 1986 - Rinske en de stoomtram
  • 1989 - Daar moet je nou een beest voor zijn
  • 1993 - Blinder de boekeflie
  • 1993 - Meisjes trouwen toch (zei tante Dirkje)
  • 1994 - Ald wyfke hie in mûtske makke? Old grannie make a little hat
  • 1996 - It telboekje fan Boukje
  • 1999 - De Koeterwalen
  • 2000 - Zeven zeven
  • 2001 - De magogel
  • 2002 - De sprookjesprins

Ferhalebondels

  • 1988 - Nûmer alve- koartswillige autobiografyske ferhalen

Prizen

  • 1957 - De Mâlbroekmich : nominaasje bêstfersoarge Nederlânske boek
  • 1959 - De uil met de zeven zuurtjes, nominaasje Gouden griffel
  • 1980 - Bekroaning fan It abee fan Boukje yn it ramt fan de Premio Europea di Padua

Keppeling om utens

Kembali kehalaman sebelumnya


Index: pl ar de en es fr it arz nl ja pt ceb sv uk vi war zh ru af ast az bg zh-min-nan bn be ca cs cy da et el eo eu fa gl ko hi hr id he ka la lv lt hu mk ms min no nn ce uz kk ro simple sk sl sr sh fi ta tt th tg azb tr ur zh-yue hy my ace als am an hyw ban bjn map-bms ba be-tarask bcl bpy bar bs br cv nv eml hif fo fy ga gd gu hak ha hsb io ig ilo ia ie os is jv kn ht ku ckb ky mrj lb lij li lmo mai mg ml zh-classical mr xmf mzn cdo mn nap new ne frr oc mhr or as pa pnb ps pms nds crh qu sa sah sco sq scn si sd szl su sw tl shn te bug vec vo wa wuu yi yo diq bat-smg zu lad kbd ang smn ab roa-rup frp arc gn av ay bh bi bo bxr cbk-zam co za dag ary se pdc dv dsb myv ext fur gv gag inh ki glk gan guw xal haw rw kbp pam csb kw km kv koi kg gom ks gcr lo lbe ltg lez nia ln jbo lg mt mi tw mwl mdf mnw nqo fj nah na nds-nl nrm nov om pi pag pap pfl pcd krc kaa ksh rm rue sm sat sc trv stq nso sn cu so srn kab roa-tara tet tpi to chr tum tk tyv udm ug vep fiu-vro vls wo xh zea ty ak bm ch ny ee ff got iu ik kl mad cr pih ami pwn pnt dz rmy rn sg st tn ss ti din chy ts kcg ve 
Prefix: a b c d e f g h i j k l m n o p q r s t u v w x y z 0 1 2 3 4 5 6 7 8 9