Klaas Dijkstra (taalkundige)
Klaas Dijkstra of Klaes Dykstra (Sigerswâld, 10 juny 1924 - Drachten, 4 maart 1997)[1] wie in Frysk ûnderwizer, universitêr meiwurker, oersetter en politikus. LibbenKlaas Dijkstra wurke as wittenskiplik haadmeiwurker foar Fryske literatuerskiednis oan 'e Ryksuniversiteit, te Grins. Dêrfoar wied er learaar Ingelsk yn ûnder mear Harns. Teffens wied er polityk aktyf, as wethâlder fan 'e gemeente Harns foar de PvdA. Yn syn frije tiid sette er út en troch oer út it Ingelsk (wurken fan sawol Britske as Amerikaanske skriuwers). Hy promovearre op histoaryske oersettings yn it Frysk. Syn dissertaasje wurdt nòch faak brûkt as neislachwurk. WurkEigen wurk
Oersettings
|