1923 is in gewoan jier dat begjint mei in moandei. (Gregoriaanske kalinder foar 1923.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1920-er jierren.
Foarfallen
- 10 jannewaris - Litouske troepen besette it Memellân, in kuststripe oan 'e Eastsee. It Litouske regear ferklearret it gebiet dêrmei anneksearre.
- 11 jannewaris - Frankryk en Belgje geane oer ta de militêre Besetting fan it Ruhrgebiet, om't Dútslân net mear foldwaan kin oan 'e yn it Ferdrach fan Versailles fêstleine ferhelbetellings.
- 22 jannewaris - De mynwurkers yn it Ruhrgebiet geane foar ûnbeskate tiid yn staking út protest tsjin 'e Frânske en Belgyske Besetting fan it Ruhrgebiet.
- 28 jannewaris - It Frânske regear slút it Ruhrgebiet hermetysk ôf fan 'e rest fan Dútslân en fiert mynwurkers oan út Frankryk om 'e staking fan 'e pleatslike mynwurkers te brekken.
- 28-29 jannewaris - Yn München wurdt it 1e Kongres fan 'e nasjonaal-sosjalistyske NSDAP holden.
- 5 febrewaris - Yn Itaalje lit de faksistyske premier Benito Mussolini tûzenen sosjalisten en kommunisten oppakke.
- 16 febrewaris - De Alliëarden akseptearje de Litouske anneksaasje fan it Memellân.
- 31 maart - Yn 'e Dútske stêd Essen iepenje Frânske troepen it fjoer op demonstrearjende arbeiders op it fabryksterrein fan Krupp. By dit Bloedbad fan Essen komme 13 arbeiders om en reitsje mear as 30 ferwûne, fan wa guon earnstich.
- 27 april - It faksistyske rezjym fan Benito Mussolini yn Itaalje beslist dat plakken yn Súd-Tiroal gjin Dútsktalige plaknammen mear hawwe meie. Alle nammen wurde italjanisearre.
- 27 april - Yn Noard-Fryslân wurdt de Friisk Foriining oprjochte, ûnder namme Friesisch-Schleswigsche Verein.
- 24 maaie - Yn 'e Ierske Frijsteat komt in ein oan 'e bloedige Ierske Boargeroarloch troch de oerjefte fan 'e republikeinske rebellen fan Éamon de Valera.
- 5 juny - De presidint fan 'e Dútske sintrale bank, Rudolf Havenstein, makket bekend dat syn Reichsbank de fal fan 'e Reichsmark net mear keare kin.
- 9 juny - By in steatsgreep yn Bulgarije wurdt premier Aleksander Stambûliski ôfset.
- 15 juny - Yn 'e neite fan syn wenplak Slavovitsa wurdt de ôfsette Bulgaarske premier Aleksander Stambûliski troch militêren stânrjochtlik eksekutearre.
- 24 july - Grikelân en Turkije slute yn it Switserske Lausanne it Ferdrach fan Lausanne, wêrmei't in ein komt oan sawol de Gryksk-Turkske Oarloch as oan 'e Turkske Unôfhinklikheidsoarloch. Dit ferdrach, dêr't de grinzen fan 'e nije Turkske Republyk yn fêstlein binne, betsjut lykwols ek de ein foar de ûnôfhinklike steaten fan 'e Koerden en de Armenen, ta de oprjochting wêrfan't besletten wie yn it eardere Ferdrach fan Sèvres.
- 2 augustus - De Amerikaanske presidint Warren Harding beswykt oan in oerhaal. Hy wurdt opfolge troch syn fise-presidint Calvin Coolidge.
- 31 augustus - It Folkebûn ferlient oan Belgje it mandaat oer de eardere Dútske koloanje Rûanda-Oerûndy.
- 31 augustus - De Italjaanske premier Benito Mussolini stjoert troepen om it Grykske eilân Korfû te besetten, nei't oan 'e grins fan Grikelân mei Albaanje inkele Italjaanske ofsieren fermoarde binne.
- 13 septimber - By in steatsgreep yn Spanje, dy't útfierd wurdt mei goedkarring fan kening Alfûns XIII, komt in militêre diktatuer ûnder lieding fan Miguel Primo de Rivera oan 'e macht.
- 15 septimber - It Frysk Boun om Utens wurdt oprjochte.
- 26 septimber - It Dútske regear fan kânselier Gustav Stresemann jout it ferduldich ferset tsjin 'e Frânske-Belgyske Besetting fan it Ruhrgebiet op om't it finansjeel net mear op te bringen is.
- 27 septimber - Nei ynternasjonale bemiddeling jout de Italjaanske premier Benito Mussolini de besetting fan Korfû op.
- 29 oktober - De Republyk Turkije wurdt formeel útroppen. De eardere generaal Mustafa Kemal Atatürk wurdt ta presidint keazen.
- 9 novimber - Yn München docht in espeltsje leden fan 'e marzjinale Nasjonaal-Sosjalistyske Dútske Arbeiderspartij ûnder lieding fan âld-generaal Erich Ludendorff en de Eastenriker Adolf Hitler in mislearre steatsgreep, de saneamde Bierkelderpûtsj, tsjin 'e regearings fan 'e Frijsteat Beieren en de Weimarrepublyk. De NSDAP wurdt neitiid ferbean.
Berne
- jannewaris
- febrewaris
- maart
- april
- maaie
- juny
- july
- augustus
- septimber
- oktober
- novimber
- desimber
- datum ûnbekend
Ferstoarn
- datum ûnbekend
- Krolhier (Curly of Curley), Kriesk ferkenner yn 'e tsjinst fan it Amerikaanske Leger (* 1856)
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory 1923 fan Wikimedia Commons.
|
|
|