30 - De Flaamske TV-stjoerder Ka2 (letter Kanaal 2 en KanaalTwa) wurdt oprjochte troch de VMMa.
febrewaris
6 - Arantxa Sanchez-Vicario lost Steffi Graf nei 87 wiken ôf as de nûmer ien op de wrâldranglist fan de proftennissters; de Spaanske moat dy posysje nei twa wiken wer ôfstean oan har Dútske kollega.
10 - Shanghai Metroline 1 wurdt iepene en is dêrmei de earste metroline yn in ambisjeus plan fan de gemeente Shanghai om in netwurk fan sa'n 20 metrolinen oan te lizzen binnen 40 jier tiid.
10 - Andre Agassy lost Pete Sampras nei 82 wiken ôf as nûmer ien op de wrâldranglist fan de tennisprofesjonals; de Amerikaan moat dy posysje nei tritich wiken wer ôfstean oan syn lânsman.
21 - De hockeysters fan Kampong prolongearje de lânstitel yn de Nederlânskehaadklasse troch HGC mei 2-0 te ferslaan yn it twadde duel út de finale fan de play-offs.
25 - Súd-Afrika wint foar eigen publyk yn it Ellis Park-stadion yn Johannesburch it tredde offisjele wrâldkampioenskip rugby troch yn de finale Nij-Seelân mei 15-12 te ferslaan.
9 - De AmtrakSunset Limited ûntspoart op in brêge oer in sydrivier fan de Mississippy. De oarsaak wienen ferbûgde spoaren nei in oanfarring fan in binnenskip mei de brêge.
10 - Troch in modernisearring fan it telefoannetwurk bestean alle Nederlânske telefoannûmers fanôf dizze datum út tsien sifers.
30 - Javier Solana wurdt ûnferwacht útkeazen om de nije sekretaris-generaal fan de NAFO te wurden. Yn de Feriene Steaten stjoere 52 kongresleden in protesttelegram nei it Wite Hûs omdat Solana in pro-Castro polityk fierde tsjinoer Kuba doe't hy Spaansk minister fan bûtenlânske saken wie.
15 - It Bosman-arrest fan it Europeesk Hof fan Justysje skept nije ferhâldingen yn de fuotbalwrâld. Fuotbalprofs meie tenei, nei it ferstriken fan harren kontrakt, transferfrij fuortgean. Dat komt harren merkwearde gâns ten goede.
16 - Irakeeske dûkers ûnder lieding fan UNSCOM fine yn de Tigris tichtby Bagdad mear as 200 Russyske raketten en raketûnderdielen.