1909 is in gewoan jier dat begjint mei in freed. (Gregoriaanske kalinder foar 1909 . )
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1900-er jierren .
Foarfallen
2 jannewaris - De Earste Alvestêdetocht , holden op inisjatyf fan Pim Mulier , wurdt wûn troch Minne Hoekstra fan Wergea yn in tiid fan 13 oeren en 50 minuten .
9 jannewaris - De Britske ekspedysje op Antarktika , ûnder lieding fan Ernest Shackleton , moat mei noch 97 myl te gean fanwegen gebrek oan iten it foarnimmen opjaan om 'e Súdpoal te berikken.
13 febrewaris - Yn it Osmaanske Ryk twinge de Jong-Turken it ôftreden ôf fan grutfizier Mehmed Kâmil Pasja .
15 jannewaris - Yn Fryslân wurdt de Feriening De Fryske Alve Stêden oprjochte om yn it ferfolch de Alvestêdetocht te organisearjen.
15 jannewaris - De ekspedysje fan 'e Australiër Edgeworth David berikt as earste de magnetyske súdpoal .
16 febrewaris - It Keninkryk Servje kundiget de mobilisaasje ôf yn ferbân mei de oanboazjende spannings mei Eastenryk-Hongarije yn it ramt fan 'e Bosnyske Krisis .
22 febrewaris - It Amerikaanske marine-eskader dat presidint Theodore Roosevelt op 16 desimber 1907 by wize fan machtsfertoan op in reis om 'e wrâld stjoerde, komt wer thús.
26 febrewaris - It Osmaanske Ryk erkent yn it ramt fan 'e Bosnyske Krisis de anneksaasje troch Eastenryk-Hongarije fan 'e Osmaanske gebietsdielen Bosnje en Hertsegovina , yn ruil foar finansjele skealeasstelling . Dútslân , Frankryk en it Feriene Keninkryk bemiddelje yn it heech oprûne konflikt tusken Eastenryk-Hongarije en it Keninkryk Servje , dat ek oanspraak makket op Bosnje en Hertsegovina.
31 maart - De Dútske rykskânselier Bernhard von Bülow makket yn in taspraak foar de Ryksdei dúdlik dat Dútslân oan 'e kant fan Eastenryk-Hongarije meifjochtsje sil as der yn it ramt fan 'e Bosnyske Krisis oarloch útbrekt mei Servje en/of Ruslân oer de Eastenryksk-Hongaarske anneksaasje fan Bosnje en Hertsegovina . Servje en Ruslân bine dêrop yn.
6 april - De Amerikaanske ûntdekkingsreizger Robert Peary berikt as earste minske de Noardpoal , yn it selskip fan Matthew Henson en fjouwer Eskimo's .
7 -19 april - Mei de ûndertekening fan it amendearre Ferdrach fan Berlyn (1878) troch de ûnderskate Jeropeeske grutmachten wurdt de Bosnyske Krisis , dy't Jeropa op 'e râne fan in grutte oarloch brocht hat, delbêde.
13 april - By in militêre steatsgreep yn it Osmaanske Ryk , dy't rjochte is tsjin 'e Jong-Turken , wurdt grutfizier Hüseyin Hilmi Pasja ôfset.
18 april - Yn 'e Sint-Piterkatedraal yn Rome fynt de hillichferklearring fan Jeanne d'Arc plak.
19 april - It Osmaanske Ryk erkent de ûnôfhinklikheid fan Bulgarije .
24 april - By in steatsgreep yn it Osmaanske Ryk , gripe de Jong-Turken de macht werom dy't harren by de kûp fan 13 april ûntnommen wie. Harren lieder, Mahmut Şevket Pasja , lit de ferantwurdliken foar dy eardere steatsgreep daliks terjochtstelle .
27 april - De Osmaanske sultan Abdül Hamid II wurdt troch de Jong-Turken twongen ta abdikaasje fanwegen syn stipe oan 'e steatsgreep tsjin harren fan 13 april l.l. Hy wurdt opfolge troch syn broer Mehmed V .
27 april - De bûnsgenoaten fan Eastenryk-Hongarije yn 'e Triple Alliânsje , Dútslân en Itaalje , erkenne formeel de Eastenryksk-Hongaarske anneksaasje fan Bosnje en Hertsegovina .
1 maaie - Yn Frankryk wurdt by wet fêstlein hokker sterke drank oft him 'konjak ' neame mei.
11 maaie - Yn Bloemfontein ûndertekenje fertsjintwurdigers fan 'e Britske Kaapkoloanje , Natal , de Transvaalkoloanje en de Oranjerivierkoloanje in ferdrach oer de oprjochting fan 'e Uny fan Súd-Afrika (mei yngong fan 1910 ), dy't de status fan dominion krije sil binnen it Britske Ryk .
27 juny - De grutmachten dy't sûnt 1898 mei-inoar it eilân Kreta , yn namme noch altyd in diel fan it Osmaanske Ryk , beset hâlde (it Feriene Keninkryk , Frankryk , Itaalje en Ruslân ), begjinne mei de weromlûking fan harren troepen . Under fûleindige Osmaanske protesten nimme pleatslike Gryksk -Kretinzyske autoriteiten it bestjoer fan Kreta oer.
25 july - De Frânske piloat Louis Blériot stekt as earste yn in fleanmasine It Kanaal oer, troch fan Kalês nei Dover te fleanen.
26 july -2 augustus - In algemiene staking yn Kataloanje rint út op in arbeidersopstân yn Barseloana . Dêrby falle mear as hûndert deaden .
5 augustus - It Osmaanske Ryk easket fan Grikelân dat dat lân him distansjearret fan it hisen fan 'e Grykske flagge troch de befolking fan it Osmaanske eilân Kreta .
11 septimber - De Dútske astronoom Max Wolf werûndekt de Komeet fan Halley . Dêrmei komt foargoed fêst te stean dat dy komeet om 'e 76 jier by de Ierde weromkeart.
13 oktober - Nettsjinsteande protesten út 'e hiele wrâld wurdt de anargistyske foaroanman Francisco Ferrer Guardia yn Barseloana op befel fan in Spaanske militêre rjochtbank eksekutearre om't er de arbeidersopstân fan july organisearre hawwe soe.
26 oktober - By in oanslach yn Harbin , yn Mantsjoerije , wurdt de Japanske politikus Ito Hirobumi , dy't fjouwer kear premier fan Japan west hat en no de funksje fan residint-generaal fan Koreä beklaaid, fermoarde troch de Koreaanske nasjonalist An Jung-geun .
11 novimber - De Feriene Steaten geane oer ta de fêstiging fan in marinebasis op 'e Hawaï-eilannen , dy't de namme Marinstasjon Pearl Harbor krije sil.
16 desimber - By in steatsgreep yn Nikaragûa , dy't útfierd wurdt op oankringen en mei stipe fan 'e Feriene Steaten , wurdt presidint José Santos Zelaya ôfset.
17 desimber - Kening Leopold II fan Belgje komt nei in regearperioade fan 49 jier op 72-jierrige leeftyd te ferstjerren .
23 desimber - Albert I folget syn ferstoarne heit Leopold II op as kening fan Belgje .
Berne
febrewaris
maart
april
maaie
juny
july
augustus
septimber
oktober
novimber
Ferstoarn
febrewaris
maart
july
septimber
desimber
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory 1909 fan Wikimedia Commons .