1901 is in gewoan jier dat begjint mei in tiisdei. (Gregoriaanske kalinder foar 1901.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1900-er jierren.
Foarfallen
- 1 jannewaris - Austraalje ûntstiet trochdat de Britske koloanjes West-Austraalje, Súd-Austraalje, Queenslân, Nij-Súd-Wales, Fiktoaria en Tasmaanje in federaasje oangeane, dy't selsbestjoer kriget binnen it Britske Ryk.
- 22 jannewaris - Nei in regearperioade fan 63 jier komt yn Osborne House, op it Britske eilân Wight keninginne Fiktoaria te ferstjerren yn 'e âlderdom fan 81 jier. Dêrmei komt in ein oan it Fiktoriaanske Tiidrek.
- 23 jannewaris - Edwert VII, de âldste soan fan keninginne Fiktoaria, folget syn mem op as kening fan it Feriene Keninkryk.
- 3 febrewaris - Troepen fan it Keninklik Nederlânsk-Yndysk Leger (KNIL) ûnder luitenant-generaal J.B. van Heutsz nimme yn it ramt fan 'e Atjee-oarloch de fêsting Batu Iliq yn.
- 7 febrewaris - Keninginne Wilhelmina fan 'e Nederlannen trout yn De Haach mei de Dútske hartoch Hindrik fan Meklenburch-Schwerin.
- 2 maart - It Amerikaanske Kongres nimt it saneamde Platt-amendemint oan, dat yntsjinne is troch senator Orville Platt. Dat beheint de frijheid fan in takomstich 'ûnôfhinklik' Kubaansk regear om ferdraggen mei oare lannen as de Feriene Steaten te sluten.
- 6 maart - De Dútske keizer Willem II oerlibbet yn Bremen in oanslach op syn libben.
- 22 april - de Noord-Friesche Locaal-Spoorwegmaatschappij iepenet it earste part fan it Spoar fan Ljouwert nei Eanjum: Ljouwert - Ferwert.
- 23 maart - De Filipynske opstannelingelieder Emilio Aguinaldo jout him oer oan 'e Amerikanen, dy't dêrmei in grutte oerwinning boeke yn 'e Filipynsk-Amerikaanske Oarloch.
- 3 maaie - By de Grutte Brân fan 1901 komme yn Jacksonville, yn 'e Amerikaanske steat Floarida, 7 minsken om en gean 2.368 gebouwen yn flammen op.
- 8 maaie - Coopersburg yn Akkrum wurdt stifte.
- 12 juny - Under swiere Amerikaanske druk giet de Kubaanske Konvinsje, dy't de grûnwet skriuwt foar it takom jier ûnôfhinklik te wurden Kuba, akkoart mei it Platt-amendemint. Dêrtroch sil Kuba yn 'e praktyk in Amerikaansk protektoraat wurde.
- 24 juny - De earste tentoanstelling fan Pablo Picasso iepenet yn Parys.
- 4 july - It foech fan it Amerikaanske militêr bestjoer fan 'e Filipinen wurdt beheind. Der komt no njonken it militêr bewâld ek in boargerlik gesach. De lieder dêrfan wurdt de politikus William Howard Taft.
- 6 septimber - By in oanslach op 'e Panamerikaanske Tentoanstelling yn Buffalo (New York) wurdt de Amerikaanske presidint William McKinley delsketten troch de anargist Leon Czolgosz.
- 7 septimber - Yn Sina komt in ein oan 'e Bokseropstân troch de ûndertekening fan it Ferdrach fan Peking. Dêrby moat Sina oansjenlike territoriale konsesjes dwaan oan 'e Westerske grutmachten, en kriget it dêropta ek noch flinke ferhelbetellings oplein.
- 14 septimber - De Amerikaanske presidint William McKinley komt te ferstjerren oan 'e ferwûnings dy't er oprûn hat by de oanslach op syn libben fan acht dagen earder. Hy wurdt opfolge troch syn fise-presidint Theodore Roosevelt.
- 2 oktober - de Noord-Friesche Locaal-Spoorwegmaatschappij iepenet it twadde part fan it Spoar fan Ljouwert nei Eanjum: Ferwert - Mitselwier.
- 18 novimber - De Feriene Steaten en it Feriene Keninkryk slute in ferdrach oer it behear fan in takomstige Panamakanaalsône.
- 10 desimber - Yn 'e Sweedske haadstêd Stokholm wurde foar it earst de Nobelprizen útrikt, dy't ynsteld binne troch en ferneamd wurde nei de yndustrieel Alfred Nobel.
Berne
- jannewaris
- febrewaris
- maart
- april
- juny
- july
- augustus
- septimber
- oktober
- novimber
- desimber
Ferstoarn
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory 1901 fan Wikimedia Commons.
|
|
|