1930 is in gewoan jier dat begjint mei in woansdei. (Gregoriaanske kalinder foar 1930.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1930-er jierren.
Foarfallen
- 13 jannewaris - De earste Mickey Mouse-strip ferskynt.
- 23 jannewaris - Yn 'e Dútske dielsteat Tueringen wurdt Wilhelm Frick as earste NSDAP-politikus ea minister yn in dielsteatregear.
- 23 jannewaris - Stifting fan de WSSFS.
- 24 jannewaris - Yn Eindhoven wurdt de earste patatkream fan Nederlân iepene.
- 26 jannewaris - Yn Britsk-Ynje ropt de sosjalistyske foaroanman Jawaharlal Nehru de ûnôfhinklikheid fan Yndia út by wize fan protest tsjin 'e Britske wegering om 'e koloanje mear selsbestjoer te jaan.
- 28 jannewaris - Yn Spanje moat premier Miguel Primo de Rivera, dy't lieding jout oan in militêre diktatuer, opstappe as gefolch fan in finansjele krisis yn it ramt fan 'e Grutte Depresje, nei't dúdlik wurdt dat it leger him net mear stipet.
- 18 febrewaris - De Amerikaanske astronoom Clyde Tombaugh ûntdekt Pluto, de njoggende planeet fan it Sinnestelsel.
- 22 febrewaris - Oprjochting fan It Fryske Gea.
- 30 febrewaris - Komt as datum foar yn de Revolusjonêre kalinder fan de Sovjet-Uny.
- 6 maart - In massale demonstraasje troch wurkleazen yn New York wurdt troch de Amerikaanskes plysje ûnmeilydsum útinoar slein.
- 12 maart - Yn Britsk-Ynje begjint de lânseigen foaroanman Mahatma Gandhi oan it haad fan in grutte kloft folk oan syn Sâltmars nei de see, om dêr sels sâlt te winnen en sa it Britske monopoalje op sâlt yn Ynje oan 'e kaak te stellen.
- 25 maart - De Europa fan de NDL wint de Blauwe Wimpel mei 4 dagen, 17 oere en 6 minuten.
- 3 april - Nei it ferstjerren fan keizerinne Zewditu wurdt Haile Selassie allinnichhearsker fan Abessynje.
- 5 maaie - Oan 'e ein fan syn súksesfolle Sâltmars wurdt yn Britsk-Ynje de aktivist Mahatma Gandhi mei tûzenen oanhingers op lêst fan Lord Irwin, de Britske ûnderkening, arrestearre foar it yllegaal winnen fan sâlt (dêr't de Britske oerheid yn Ynje it monopoalje op hat).
- 15 maaie - De Nederlânske minister Reymer fan Wetttersteat kûndiget it Stjoertiidbeslút ôf. Dit wurdt wol it hichtepunt fan de ferpyldering neamd.
- 19 maaie - Súd-Afrika fiert it frouljuskiesrjocht yn (mar allinnich foar blanke froulju).
- 8 juny - De út ballingskip weromroppen Karel II folget syn njoggenjierrige soan Michael op as kening fan Roemeenje. (Hy wie yn 1925 ferballe troch syn heit, kening Ferdinand, en doe't dyselde yn 1927 stoar, waard er dêrom opfolge troch syn pakesizzer, de doe seisjierrige Michael.)
- 26 juny - It 16e Partijkongres fan de Kommunistyske Partij fan de Sovjet-Uny stiet hielendal yn it teken fan suverings. Foaroanman Josef Stalin hâldt in seis oeren duorjende taspraak dêr't er fierdere maatregels yn oankundiget tsjin trotskisten en oare tsjinstanners.
- 1 july - It Feriene Keninkryk stimt yn mei de ûnôfhinklikheid fan Irak, dy't pland stiet foar 1932.
- 16 july - De lêste hynstetram fan Nederlân, tusken Makkum en Harkesyl, wurdt ferfongen troch in bustsjinst.
- 8 augustus - Earste Betty Boop-tekenfilm komt út, mei de titel Dizzy Dishes.
- 21 augustus - Yn Nederlân falt de Wieringermar drûch. Dit is it earste grutte projekt fan 'e Suderseewurken.
- 25 augustus - Yn Poalen lit de premier en minister fan Definsje, maarskalk Józef Piłsudski, de lieders fan 'e linkse en sintrumrjochtse opposysjepartijen oppakke en finzen sette.
- 25 augustus - By in steatsgreep yn Perû wurdt diktator Augusto Leguía ôfset, dy't al sûnt 1919 oan macht is.
- 5 septimber - By in steatsgreep yn Argentynje wurdt de liberale presidint Hipólito Irigoyen ôfset troch generaal José Uriburu, dy't stipe wurdt troch de grutgrûnbesitters.
- 9 septimber - Yn Peking lit generaal Feng Yuxiang himsels ta presidint útroppe fan in tsjinregear (tsjin dat fan Chiang Kai-shek).
- 14 septimber - By Ryksdeiferkiezings yn Dútslân komme de faksistyske NSDAP en de kommunistyske KPD as de grutte winners út 'e bus.
- septimber - De Earste Koerdysk-Arabyske Oarloch brekt út yn noardlik Irak.
- 4 oktober - Foar de earste kear is it Wrâldbistedei.
- 4 novimber - By de Revolúsje fan 1930 komt yn Brazylje Getúlio Vargas oan 'e macht.
- 5 desimber - Yn Belgje falle by de giframp yn de Maasdelling by Luik 66 deaden as der in wolk giftich gas út in gemysk fabryk ûntsnapt.
- 12 desimber - De lêste Alliëarde troepen ûntromje it Saargebiet, dat de status fan mandaatgebiet fan it Folkebûn hat.
- 22 desimber - Yn 'e Noarske haadstêd Oslo ûndertekenje Nederlân, Belgje, Lúksemboarch, Denemark, Noarwegen, Sweden en Finlân de Konvinsje fan Oslo, wêryn't se inoar ekonomyske en politike stipe ûnthjitte.
- 22 desimber - Oprjochting fan de Federaasje fan Fryske Studinteferienings yn de Kânselerij te Ljouwert.
- 30 desimber - Nei't de opstân fan Feng Yuxiang yn noardlik Sina delslein is, konsintrearret de Sineeske diktator Chiang Kai-shek him op it besingeljen en ferneatigjen fan 'e kommunistyske bases yn súdlik Sina.
- sûnder datum - De legindaryske Amerikaanske kriminelen Bonnie en Clyde krije kunde oan inoar.
Berne
- jannewaris
- febrewaris
- maart
- april
- maaie
- juny
- july
- augustus
- septimber
- oktober
- novimber
- desimber
- datum ûnbekend
Ferstoarn
- febrewaris
- maaie
- july
- oktober
- desimber
- datum ûnbekend
Literatuer
- poëzij
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory 1930 fan Wikimedia Commons.
|
|
|