Share to: share facebook share twitter share wa share telegram print page

 

Militêr

Eastenrykske militêren

In militêr is in persoan dy't wurk docht yn tsjinst fan in kriichsmacht fan in erkende steat, meastal it heitelân.
As in boppeneamd persoan net yn tsjinst is fan een erkende steat, is sprake fan in hiersoldaat, strider, rebel en yn guon gefallen sels fan in terrorist; organisaasjs mei sokke persoanen hjitte meastentiids milysje.
Ta ûnderskied wurde net-militêren as boarger oantsjutten. Der is in griis gebiet tusken militêr en boarger, dêr't de Geneefske Konvinsjes dúdlikheid oer besykje te jaan. As in militêr him frijwillich oanmelden hat is it in beropsmilitêr. As se ta militêre tsjinst ferplichte binne troch harren nasjonale wetjouwing, is sprake fan in tsjinstplichtige.
Elke Nederlânske militêr falt ûnder de Nederlânske kriichstucht.

Militêr kin (as eigenskipswurd) ek "fan de kriichsmacht" betsjutte.

Froulike militêren

Yn de measte westerske lannen binne der manlike én froulike militêren. De Nederlânske loftmacht hat al sûnt 1 novimber 1951 froulike militêren yn tsjinst yn de Luva, de Loftmacht Frouljusôfdieling. Ek oare kriichsmachtdielen hienen soksoarte frouljusôfdielings Milva, de Militêre Frouljusôfdieling en Marva, de Marine Frouljusôfdieling. Dizze ôfdielings waarden op 1 jannewaris 1982 formeel opheft en giene folslein op yn de betreffende kriichsmachtûnderdielen.

Tsjintwurdich hearre froulju likegoed as manlju ta it definsjepersoneel fan it Nederlânske leger. Yn wervingskampanjes wurde ek froulju oansprutsen. Hjirmei fiert Definsje it troch de oerheid ferplicht stelde diversiteitenbelied út. Sa soe it leger in bettere ôfspegeling fan de maatskippij foarmje. Ek minsken mei in net-Nederlânske eftergrûn wurde oanlutsen foar in funksje yn it Nederlânske leger.

Militêre hiërarchy

De militêre hiërargy wurdt ûnderferdield yn kategorieën.

Rangen en stannen

Sjoch List fan militêre rangen fan de Nederlânske Kriichsmacht

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Military

Kembali kehalaman sebelumnya


Index: pl ar de en es fr it arz nl ja pt ceb sv uk vi war zh ru af ast az bg zh-min-nan bn be ca cs cy da et el eo eu fa gl ko hi hr id he ka la lv lt hu mk ms min no nn ce uz kk ro simple sk sl sr sh fi ta tt th tg azb tr ur zh-yue hy my ace als am an hyw ban bjn map-bms ba be-tarask bcl bpy bar bs br cv nv eml hif fo fy ga gd gu hak ha hsb io ig ilo ia ie os is jv kn ht ku ckb ky mrj lb lij li lmo mai mg ml zh-classical mr xmf mzn cdo mn nap new ne frr oc mhr or as pa pnb ps pms nds crh qu sa sah sco sq scn si sd szl su sw tl shn te bug vec vo wa wuu yi yo diq bat-smg zu lad kbd ang smn ab roa-rup frp arc gn av ay bh bi bo bxr cbk-zam co za dag ary se pdc dv dsb myv ext fur gv gag inh ki glk gan guw xal haw rw kbp pam csb kw km kv koi kg gom ks gcr lo lbe ltg lez nia ln jbo lg mt mi tw mwl mdf mnw nqo fj nah na nds-nl nrm nov om pi pag pap pfl pcd krc kaa ksh rm rue sm sat sc trv stq nso sn cu so srn kab roa-tara tet tpi to chr tum tk tyv udm ug vep fiu-vro vls wo xh zea ty ak bm ch ny ee ff got iu ik kl mad cr pih ami pwn pnt dz rmy rn sg st tn ss ti din chy ts kcg ve 
Prefix: a b c d e f g h i j k l m n o p q r s t u v w x y z 0 1 2 3 4 5 6 7 8 9