Isaiah BerlinIsaiah Berlin, Letsk: Jesaja Berlins, (Riga, Letlân, 6 juny 1909 — Oxford, 5 novimber 1997) wie in Britsk liberaal filosoof en politikolooch. Berlin jildt as ien fan de wichtichste politike filosofen fan de 20e iuw. By syn oraasje by oannimmen fan it heechlearaarskip oan de Universiteit fan Oxford, yn 1957, yntrodusearre hy it konsept fan 'negative' en 'positive' frijheid - publisearre yn boekfoarm as Two Concepts of Liberty. Berlin waard berne yn in Joadske famylje. Syn heit, Mendel Berlin, wie in houthanneler. Syn jeugd brocht hy earst yn Riga troch, dêrnei yn Petrograd (it hjoedddeiske Sint-Petersburch), dêr't hy as bern tsjûge wie fan de Revolúsje fan 1917. De famylje Berlin flechte nei it Feriene Keninkryk yn 1921. Berlin studearre oan Corpus Christi, ien fan de kolleezjes fan de Universiteit fan Oxford, dêr't hy - mei útsûndering fan in perioade (1940-46) doe't er foar de Britske bûtenlânske tsjinst wurke- altyd wurkje en lesjaan soe. Hy wie goed befreone mei in oare filosoof, Alfred Ayer. Yn de Twadde Wrâldkriich die er foar de Britske ynljochtingentsjinst ûndersyk nei de Amerikaanske polityk en har publike opiny. De offisjele rapporten waarden ûnder oaren ek troch Winston Churchill lêzen.[1] Nei de oarloch besocht er Moskou en moete dêr foaroansteande Russyske literêre figueren lykas Boris Pasternak en Anna Achmatova. Yn 1956 troude er mei Aline Halban. Twa jier letter, yn 1958 hold er syn ferneamde lêzing Two Concepts of Liberty yn Oxford dy't letter ek as boek útjûn waard. Isaiah Berlin ferstoar yn de âldens fan 88 jier. Bibliografy
Keppelings om utens
|