Share to: share facebook share twitter share wa share telegram print page

 

Teake Oppewal

Teake Oppewal
persoanlike bysûnderheden
echte namme Teake Oppewal
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 22 jannewaris 1952
berteplak Droegeham (Fryslân)
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt taalkundige
aktyf as publisist
jierren aktyf 1992 – no

Teake Oppewal (Droegeham, 22 jannewaris 1952) is in Frysk taalkundige, publisist en ûnderwizer. Hy waard benammen bekend mei de publikaasje Spiegel van de Friese Poëzie, dy't er yn 1994 tegearre mei Pier Boorsma skreau en publisearre.

Libben en karriêre

Oppewal waard yn 1952 berne yn Droegeham. Fan 1964 oant 1970 folge er de middelbere skoalle oan it Kristlik Bogerman Lyseum yn Snits, wêrnei't er fan 1970 oant 1978 biogemy studearre oan 'e Frije Universiteit yn Amsterdam. Fan 1979 oant 1980 stied er as skiekundedosint oan in middelbere skoalle yn Amsterdam, en oanslutend joech er oant 1985 yn itselde fak les oan in skoalle yn Maputo, de haadstêd fan Mozambyk. Werom yn Nederlân wie Oppewal fan 1985 oant 1988 ferbûn oan 'e analiste-oplieding yn Grins, en doe wied er oant 1996 wer as skiekunderlearaar wurksum oan it Fryslân Kolleezje yn Ljouwert.

Fan 1990 oant 1993 folge Oppewal oan 'e Noardlike Hegeskoalle Ljouwert in twaddegraads learare-oplieding yn it Frysk, wêrnei't er njoggen jier lang as koördinator literatuerbefoardering ferbûn wie oan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD), oant dat yn 2002 opgie yn Tresoar. Yn dat ramt skreau er mei Pier Boorsma Spiegel van de Friese Poëzie, in beskriuwing en wurdearring fan 'e Fryske poëzij fan 'e santjinde iuw oant ús tiid, dy't yn 1994 ferskynde. By Tresoar waard Oppewal yn 2002 adviseur, projektkoördinator en redakteur op it mêd fan 'e Fryske literatuer, in funksje dy't er yn juny 2017 dellei doe't er mei pinsjoen gie.

Dêrnjonken wie Oppewal fan 1998 oant 2003 learaar Frysk oan it Fryslân Kolleezje en fan 2009 oant 2010 learaar skiekunde oant it Stedsk Gymnasium Piter Jelles. Fierders siet er fan 2001 oant 2009 ek yn it bestjoer fan it Provinciaal Friesch Genootschap ter Beoefening van Friesche Geschied-, Oudheid- en Taalkunde.

Wurk

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Kembali kehalaman sebelumnya


Index: pl ar de en es fr it arz nl ja pt ceb sv uk vi war zh ru af ast az bg zh-min-nan bn be ca cs cy da et el eo eu fa gl ko hi hr id he ka la lv lt hu mk ms min no nn ce uz kk ro simple sk sl sr sh fi ta tt th tg azb tr ur zh-yue hy my ace als am an hyw ban bjn map-bms ba be-tarask bcl bpy bar bs br cv nv eml hif fo fy ga gd gu hak ha hsb io ig ilo ia ie os is jv kn ht ku ckb ky mrj lb lij li lmo mai mg ml zh-classical mr xmf mzn cdo mn nap new ne frr oc mhr or as pa pnb ps pms nds crh qu sa sah sco sq scn si sd szl su sw tl shn te bug vec vo wa wuu yi yo diq bat-smg zu lad kbd ang smn ab roa-rup frp arc gn av ay bh bi bo bxr cbk-zam co za dag ary se pdc dv dsb myv ext fur gv gag inh ki glk gan guw xal haw rw kbp pam csb kw km kv koi kg gom ks gcr lo lbe ltg lez nia ln jbo lg mt mi tw mwl mdf mnw nqo fj nah na nds-nl nrm nov om pi pag pap pfl pcd krc kaa ksh rm rue sm sat sc trv stq nso sn cu so srn kab roa-tara tet tpi to chr tum tk tyv udm ug vep fiu-vro vls wo xh zea ty ak bm ch ny ee ff got iu ik kl mad cr pih ami pwn pnt dz rmy rn sg st tn ss ti din chy ts kcg ve 
Prefix: a b c d e f g h i j k l m n o p q r s t u v w x y z 0 1 2 3 4 5 6 7 8 9