Share to: share facebook share twitter share wa share telegram print page

 

Salisjaanske See

Salisjaanske See
In satellytfoto fan 'e Salisjaanske See.
In satellytfoto fan 'e Salisjaanske See.
geografy
type wetter rânesee
lokaasje tusken Vancouvereilân, it Olympysk Skiereilân en it fêstelân fan Britsk-Kolumbia en Washington yn
lân Feriene Steaten
Kanada
koördinaten 48°21′N 123°11′W
ûnderdiel fan Stille Oseaan
sifers
maks. lingte 394 km
maks. breedte 58 km
oerflak 14.000 km²

De Salisjaanske See (Ingelsk: Salish Sea), is de beneaming foar in yngewikkeld stelsel fan seestrjitten en wetterwegen foar de westlike kust fan Noard-Amearika. De see makket diel út fan 'e Stille Oseaan, en leit tusken Vancouvereilân, it Olympysk Skiereilân en it fêstelân fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia en de Amerikaanske steat Washington yn. De namme 'Salisjaanske See' waard yn 2009 ynfierd, en ferwiist nei de Yndiaanske Kust-Salisjaanske folken, dy't al tûzenen jierren lang oan 'e ûnderskate kusten fan 'e see wenje.

Geografy

De Salisjaanske See is in rânesee fan 'e Stille Oseaan, dy't ynklamme leit tusken it fêstelân fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia en fan 'e Amerikaanske steat Washington (yn it easten), de súd- en eastkust fan it grutte Vancouvereilân, dat ta Britsk-Kolumbia heart (yn it noardwesten), en de noard- en eastkust fan it Olympysk Skiereilân, dat ta Washington heart (yn it súdwesten). De see hat in oerflak fan likernôch 14.000 km². It wetter is san 394 km lang en mjit op it breedste punt 58 km.

De Salisjaanske See bestiet út trije dielen: de Strjitte fan Georgia (tusken Vancouvereilân en it fêstelân fan Britsk-Kolumbia en Washington yn), de Strjitte fan Juan de Fuca (tusken Vancouvereilân en it Olympysk Skiereilân yn) en de Puget Sound (tusken it fêstelân fan Washington en it Olympysk Skiereilân yn). Dy trije grutte bekkens wurde faninoar skaat troch inkele eilannegroepen en steane mei-inoar yn ferbining troch in tal smelle see-ingten. De Boundary Pass, de Harostrjitte en de Rosariostrjitte liede tusken de Golfeilannen en de San Juaneilannen troch fan 'e Strjitte fan Georgia nei de Strjitte fan San Juan de Fuca, wylst Admiralty Inlet, Deception Pass en it Swinomish-kanaal út 'e Puget Sound wei, by de eilannen Whidbey, Camano en Fidalgo lâns, tagong jouwe ta de Strjitte fan Juan de Fuca. Der binne twa tagongen ta de iepen Stille Oseaan: de wiid iepen westlike útein fan 'e Strjitte fan Juan de Fuca, en de smelle Discovery-passaazje tusken de Discovery-eilannen troch, dy't út it noarden fan 'e Strjitte fan Georgia wei fia de Johnstonestrjitte nei de oseaan liedt.

Trochdat de Strjitte fan Georgia en de Puget Sound troch Vancouvereilân en it Olympysk Skiereilân skaat wurde fan 'e iepen Stille Oseaan, binne dy wetters relatyf feilich foar stoarmen dy't fan 'e oseaan ôf op 'e kust fan Noard-Amearika ta komme. De Salisjaanske See is in wichtich gebiet foar de skipfeart, fanwegen de grutte havenstêden dy't dêr oan 'e kust lizze. De wichtichste stêden yn 'e krite binne Vancouver, Nanaimo en Bellingham oan 'e Strjitte fan Georgia, Seattle, Tacoma en Olympia oan 'e Puget Sound, en Victoria en Port Angeles oan 'e Strjitte fan Juan de Fuca.

Skiednis

De krite fan 'e Salisjaanske See wurdt al tûzenen jierren bewenne troch de Kust-Salisjanen, in kloft nau besibbe Yndiaanske folken, dy't foarhinne yn harren libbenswize sterk op 'e see rjochte wiene. De earste Jeropeaan dy't de see ynfear, wie mooglikerwize de Ingelske kaper en seefarder sir Francis Drake, yn 1579. Fan 1787 oant 1792 waard de Salisjaanske See yngeand ferkend troch de Spaanske ûntdekkingsreizgers Manuel Quimper, Gonzalo López de Haro, Juan Carrasco en José María Narváez en de Ingelsen Charles William Barkley en George Vancouver. Nei 1810 fêstigen har de earste blanke pelshannelers oan 'e kust, en fan likernôch 1820 ôf waard de hannel systematysk oanpakt troch û.m. de Britske Hudsonbaaikompanjy. De earste kolonisten arrivearren yn 'e 1840-er jierren yn it gebiet fan 'e Salisjaanske See.

De beneaming Salish Sea waard foar it earst brûkt yn 1988, doe't de seebiolooch Bert Webber, út Bellingham, fûn dat der ferlet wie foar ien oerkoepeljende term foar de Strjitte fan Georgia, de Strjitte fan Juan de Fuca en de Puget Sound. Hy ferneamde de see nei de Kust-Salisjanen om 'e oandacht te fêstigjen op harren oarspronklike bewenning fan en lânseigen rjochten yn it gebiet. Yn maart 2008 stelde de Tsjemainus Earste Naasje, in Kust-Salisjaanske stamme-organisaasje yn Britsk-Kolumbia foar en neam de Strjitte fan Georgia om ta de 'Salisjaanske See'. Dat idee waard oernommen troch Mike de Jong, de Britsk-Kolumbiaanske minister fan Relaasjes mei Lânseigen Folken, dy't it op 't aljemint brocht yn it provinsjaal regear. Underwilens wie yn 'e Feriene Steaten lykwols it inisjatyf fan Webber troch oaren oernommen. It wie dat lêste foarstel dat op 12 novimber 2009 oannommen en ynfierd waard troch it Amerikaanske regear, en yn febrewaris 2010 troch it Kanadeeske regear. Sûnt is de namme Salish Sea offisjeel yn beide lannen, wylst yn Kanada ek de Frânsktalige foarm Mer des Salish in offisjele status hat.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Kembali kehalaman sebelumnya


Index: pl ar de en es fr it arz nl ja pt ceb sv uk vi war zh ru af ast az bg zh-min-nan bn be ca cs cy da et el eo eu fa gl ko hi hr id he ka la lv lt hu mk ms min no nn ce uz kk ro simple sk sl sr sh fi ta tt th tg azb tr ur zh-yue hy my ace als am an hyw ban bjn map-bms ba be-tarask bcl bpy bar bs br cv nv eml hif fo fy ga gd gu hak ha hsb io ig ilo ia ie os is jv kn ht ku ckb ky mrj lb lij li lmo mai mg ml zh-classical mr xmf mzn cdo mn nap new ne frr oc mhr or as pa pnb ps pms nds crh qu sa sah sco sq scn si sd szl su sw tl shn te bug vec vo wa wuu yi yo diq bat-smg zu lad kbd ang smn ab roa-rup frp arc gn av ay bh bi bo bxr cbk-zam co za dag ary se pdc dv dsb myv ext fur gv gag inh ki glk gan guw xal haw rw kbp pam csb kw km kv koi kg gom ks gcr lo lbe ltg lez nia ln jbo lg mt mi tw mwl mdf mnw nqo fj nah na nds-nl nrm nov om pi pag pap pfl pcd krc kaa ksh rm rue sm sat sc trv stq nso sn cu so srn kab roa-tara tet tpi to chr tum tk tyv udm ug vep fiu-vro vls wo xh zea ty ak bm ch ny ee ff got iu ik kl mad cr pih ami pwn pnt dz rmy rn sg st tn ss ti din chy ts kcg ve 
Prefix: a b c d e f g h i j k l m n o p q r s t u v w x y z 0 1 2 3 4 5 6 7 8 9