Rotterdam is ien fan de stêden fan de Rânestêd. Mei in ynwennertal fan 671.341 (1 jannewaris2024, boarne: CBS) is it, nei Amsterdam, de twadde stêd fan Nederlân.
Yn de twadde helte fan de 13e iuw ûntstie der in delsetting. It stee krige yn 1340 stedsrjochten fan greve Willem VI en tastimming fan him om in kanaal te graven fan de Skie ôf nei de kuststripe. De bewenners libbe fan de fiskfangst en de oerslach fan guod, ek kaam de skipsbou opsetten. Nei de ynfal fan Boussu (1572) ûnder de wettergeuzenopstân, wêrnei Rotterdam de kant fan de prins keas, bloeide benammen de oerseeske frachtfeart.
Fan de 16e iuw oant de 18e iuw wie der ierdewurkyndustry, dêrnei kamen oare yndustryen opsetten. Fral troch de komst fan stoomfeart (Nederlandsche Stoombootmaatschappij) om 1925 hinne gie it hurd mei de ekonomyske groei fan Rotterdam, al libbe in grut part fan de befolking yn tige minne omstandigens (golera-epidemyen)
De gemeente Rotterdam bestiet út fjirtjin stedskertieren dy't elts in eigen gebietskommisje hawwe. De havengebieten falle streekrjocht ûnder de gemeente. De stedskertieren binne: