Share to: share facebook share twitter share wa share telegram print page

 

Reinbôge

Reinbôge

In reinbôge is in ljochtferskynsel. At it ljocht fan de sinne troch lytse reindropkes wjerkeatst wurdt, dan fungearre dy droppen as in optysk prisma, en wurdt it ljocht dield. Sadwaande kinne op ôfstân de aparte kleuren sjoen wurde. Dy kleuren binne: read, oranje, giel, grien, blau en fiolet. Om't de hoeke fan it ljochtdielen foar eltse kleur fêst stiet, is beheind fia hokfoar paad it ljocht by de sjogger oankomme kin. At de sinne efter de sjogger is, dan wurdt der troch de mûglike richtings krekt in bôge foarme. Sa wurdt tsjin de reinloft in bôge fan ljocht foarme, mei oan de bûtenkante rea en oan de binnekante blau.

Njonken ljocht dat daalks wjerkeatst wurdt, kin soms ek ljocht sjoen wurde dat twa kear wjerkeatst is. Dat foarmet dan in twadde bôge bûten de earste, mar troch in wjerkeatsing mear binne de kleuren krekt oarsom: oan de bûtenkante blau en oan de binnekante rea. At der in protte ljocht is kin it sels barre dat der mear as twa bôgen binne.

Itselde ljochtferskynsel is ek te sjen by wetterdroppen fan oare oarsprong, lykas by in wetterfal, of mei help fan de minsken by túnsproeiers.

In tige bysûndere reinbôge is in inkeld kear nachts te sjen. It ljocht fan de moanne kin krekt genôch wêze om in reinbôge op te roppen, in moannebôge. Foar it each is it ljocht dan te swak om de kleuren sjen te kinnen; mei langedoerfoto's is lykwols te sjen dat dy der al binne.

Kembali kehalaman sebelumnya


Index: pl ar de en es fr it arz nl ja pt ceb sv uk vi war zh ru af ast az bg zh-min-nan bn be ca cs cy da et el eo eu fa gl ko hi hr id he ka la lv lt hu mk ms min no nn ce uz kk ro simple sk sl sr sh fi ta tt th tg azb tr ur zh-yue hy my ace als am an hyw ban bjn map-bms ba be-tarask bcl bpy bar bs br cv nv eml hif fo fy ga gd gu hak ha hsb io ig ilo ia ie os is jv kn ht ku ckb ky mrj lb lij li lmo mai mg ml zh-classical mr xmf mzn cdo mn nap new ne frr oc mhr or as pa pnb ps pms nds crh qu sa sah sco sq scn si sd szl su sw tl shn te bug vec vo wa wuu yi yo diq bat-smg zu lad kbd ang smn ab roa-rup frp arc gn av ay bh bi bo bxr cbk-zam co za dag ary se pdc dv dsb myv ext fur gv gag inh ki glk gan guw xal haw rw kbp pam csb kw km kv koi kg gom ks gcr lo lbe ltg lez nia ln jbo lg mt mi tw mwl mdf mnw nqo fj nah na nds-nl nrm nov om pi pag pap pfl pcd krc kaa ksh rm rue sm sat sc trv stq nso sn cu so srn kab roa-tara tet tpi to chr tum tk tyv udm ug vep fiu-vro vls wo xh zea ty ak bm ch ny ee ff got iu ik kl mad cr pih ami pwn pnt dz rmy rn sg st tn ss ti din chy ts kcg ve 
Prefix: a b c d e f g h i j k l m n o p q r s t u v w x y z 0 1 2 3 4 5 6 7 8 9