Share to: share facebook share twitter share wa share telegram print page

 

Poldermûne M

Poldermûne M
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Hollân
gemeente Alkmar
plak Zuidschermer
adres Zuidervaart 68
koördinaten 52° 36'N 4° 47'E
bysûnderheden
type mûne muonts
funksje poldermûne
flecht 25 m
boujier 1635
oare ynformaasje
eigner Skermer Mûnen St.
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 33115
Kaart
Poldermûne M (Noard-Hollân)
Poldermûne M

Poldermûne M by it Noard-Hollânske Zuidschermer is ien fan 'e alve noch besteande mûnen fan 'e Skermer. Oarspronklik bemeallen 52 mûnen de Skermer, mar nei de bou fan elektryske gemalen yn 1925 binne de measte Skermermûnen ôfbrutsen, in pear binne troch brân ferlern gien.

De Skermermûnen binne eigendom fan 'e Skermer Mûnen Stifting.

Skiednis

De mûne waard begjin 1635 boud as ien fan 'e fjouwer ûndermûnen yn in groep fan santjin mûnen tusken Driehuizen en De Vuyle Graft. De mûne bemealle de 300 ha grutte ôfdieling M fan 'e Skermer op 'e Suderfeart, dy't oanslút op de Skermerbinnenboezem.

Tusken 1864 en 1894 waard it skeprêd fan 'e mûne ferfongen troch in skroef. De mûne bleau yn bedriuw oant it elektrysk gemaal Emma yn desimber 1926 it wurk fan 'e wynmûnen oernaam.

De mûne waard yn 1970 wer draaifeardich makke. Doe is ek it noch foar in grut part oarspronklike ynterieur restaurearre. Yn 1989 folge de restauraasje fan 'e fûneminten en yn 1999 de útskoat.

Yn it ramt fan it projekt om alle noch besteande Skermermûnen wer mealree te meitsjen, krige de mûne in nije houten skroef, binne de wetterrinnen wer restaurearre en is der wer in kroasbrêge makke.

Oars as de oare Skermermûnen hat de kape fan Poldermûne M gjin rjochte mar rûne kapespanten, sadat de kape in bolle foarm hat. Mooglik is de ôfwikende bef oernommen fan in ôfbrutsen Beemstermûne.

Beskriuwing

De mûne is in reiddutsen, achtkante muonts mei in Ald-Hollânsk wjukkekrús en in flecht fan 25 meter. Lykas in soad Noard-Hollânske poldermûnen is Poldermûne M in binnenkruier, de kape hat in kruiwurk mei 56 houten rollen. Poldermûne M hat in fêste skoarfang.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Kembali kehalaman sebelumnya


Index: pl ar de en es fr it arz nl ja pt ceb sv uk vi war zh ru af ast az bg zh-min-nan bn be ca cs cy da et el eo eu fa gl ko hi hr id he ka la lv lt hu mk ms min no nn ce uz kk ro simple sk sl sr sh fi ta tt th tg azb tr ur zh-yue hy my ace als am an hyw ban bjn map-bms ba be-tarask bcl bpy bar bs br cv nv eml hif fo fy ga gd gu hak ha hsb io ig ilo ia ie os is jv kn ht ku ckb ky mrj lb lij li lmo mai mg ml zh-classical mr xmf mzn cdo mn nap new ne frr oc mhr or as pa pnb ps pms nds crh qu sa sah sco sq scn si sd szl su sw tl shn te bug vec vo wa wuu yi yo diq bat-smg zu lad kbd ang smn ab roa-rup frp arc gn av ay bh bi bo bxr cbk-zam co za dag ary se pdc dv dsb myv ext fur gv gag inh ki glk gan guw xal haw rw kbp pam csb kw km kv koi kg gom ks gcr lo lbe ltg lez nia ln jbo lg mt mi tw mwl mdf mnw nqo fj nah na nds-nl nrm nov om pi pag pap pfl pcd krc kaa ksh rm rue sm sat sc trv stq nso sn cu so srn kab roa-tara tet tpi to chr tum tk tyv udm ug vep fiu-vro vls wo xh zea ty ak bm ch ny ee ff got iu ik kl mad cr pih ami pwn pnt dz rmy rn sg st tn ss ti din chy ts kcg ve 
Prefix: a b c d e f g h i j k l m n o p q r s t u v w x y z 0 1 2 3 4 5 6 7 8 9