Noard-Dakota
SkiednisIt gebiet dat tsjintwurdich Noard-Dakota hjit waard eartiids befolke troch de Yndianestammen as de Lakota en de Dakota, dy't mei-inoar ek bekend steane as de Sû. Lakota betsjut "freon". Letter kaam it gebiet yn Frânske hannen en yn 1818 alhiel by de Feriene Steaten. Op 2 novimber 1889 waarden sawol Noard-Dakota en Súd-Dakota as de 39e en 40e, steaten by de Feriene Steaten. GeografyNoard-Dakota heart by de Grutte Flakte-regio en is 183.272 km² grut. It westlik part heart ta de Mountain-tiidsône, it easten ta de Sintral tiidsône en North Dakota grinzet yn it noarden oan Kanada en fierders oan de steaten Montana, Minnesota en Súd-Dakota. De wichtichste rivier is de Missoery. It heechste punt yn it flakke Noard-Dakota is de top fan White Butte (1069 m). Keppeling om utens
|