Share to: share facebook share twitter share wa share telegram print page

 

Montenegro

Republika Crna Gora
Република Црна Гора
Republyk Montenegro
Flagge fan Montenegro Wapen fan Montenegro
Flagge Wapen
Lokaasje fan Montenegro
Offisjele taal Servysk, Albaneesk
Haadstêd Podgorytsa
Steatsfoarm Republyk
Gebiet 13.812 km²
Ynwenners (2022) 616.000
Munt Euro (EUR)
Tiidsône UTC +1
Nasjonale feestdei 13 july
Lânkoade ME
Ynternet .me
Tillefoan +382

Montenegro (Swartberch) is in lân op de Balkan. De haadstêd is Podgorytsa.

It lân hat justjes minder ynwenners as de provinsje Fryslân (2024), it oerflak beslacht 13.812 km2 en is dêrmei dûbel sa grut as Fryslân.

Geografy

Mar yn Durmitor, Nasjonal Park

Montenegro wurdt begrinzge troch de Adriatyske See yn it westen, Bosnje yn it noarden, Servje yn it easten en Albaanje yn it suden.

Montenegro bestiet foar it grutste part út heech berchlânskip mei steile skeanten. De grutste bergen binne sa'n 2500 meter heech. De berchgebieten fan Montenegro wurde ta de meast rûge gebieten fan Europa rekkene. It lânskip stiet op de wrâlderfgoedlist.

Ien fan de meast opmerklike berchtoppen fan it lân is Bobotov Kuk yn de Durmitorbergen. Yn de berchgebieten fan Montenegro lizze frijwat marren. Oan 'e grins mei Albaanje leit de Skadarsko Jezero Mar, de grutste mar op de Balkan.

Skiednis

De hjoeddeistige steat Montenegro wie yn de Twadde Wrâldoarloch in protektoraat fan de Asmachten: earst ûnder Itaalje en dêrnei ûnder Nazi-Dútslân (1943-1944).

Yn 1992 waard der in referindum oer ûnôfhinklikens holden. 95,65 % (266.273 stimmers) woe by Joegoslaavje bliuwe en 3,14 % (8.755 stimmers) keas foar ûnôfhinklikens. De opkomst lei by 66,04 %. Troch it radikaal-nasjonalistyske belied fan de Servyske presidint Slobodan Milosevic waard de relaasje tusken it federale regear en Montenegro lykwols minder. Nei de ôfsetting fan Milosevic yn 2000 feroare it federale regear it politike systeem fan in federaasje nei in steatebûn. Op 21 maaie 2006 waard der in twadde referindum oer ûnôfhinklikens holden. De EU die it útstel om de útslach by mear as 55 % fan de stimmen (foar ûnôfhinklikheid) te akseptearjen. Dat útstel waard troch Servje oannommen. De needsaaklike 55 % waard mei in resultaat fan 55,49 % (230.661 stimmers) krekt helle. 44,51 % (185.002) wie tsjin ûnôfhinklikheid en woe ûnderdiel fan Servje bliuwe. Op 3 juny 2006 waard Montenegro in ûnôfhinklike steat.

Sûnt desimber 2010 is it lân kandidaat-lid fan de Europeeske Uny en brûkt de euro as betelmiddel. Sûnt 5 juny 2017 is Montenegro lid fan de NAFO.

Demografy

Befolking

Neffens de folkstelling fan 2011 wennen der yn Montenegrio 45 % Montenegrinen en 28,7 % Servjers. De grutste minderheden yn it lân foarmje de Bosniakken, Albanezen, Kroaten en Roma.

De Montenegrinen hawwe wat skiednis, taal en religy oanbelanget in sterke oerienkomst mei de Servjers. In elemintêr histoarysk ferskil mei Servje is dat Montenegro yn it tiidrek fan de Ottomanen ûnôfhinklik bleau wylst Servje dat net wie. Oft de Montegrinen wol of net ûnderdiel útmeitsje it Servyske folk yn brede sin is ûnderdiel fan (in benammen nasjonalistysk) debat.

Religy

Fan de befolking is 76 % kristlik (om-ende-by 72 % Servysk-ortodoks en 3,5 % katolyk). Moslims meitsje 19,1 % út fan de befolking.

Taal

Yn Montenegro wurdt Montenegrynsk sprutsen. Dy taal is in foarm fan it Servo-Kroatysk, de offisjele taal is lykwols (noch) Servysk.

De offsjele taal is de Ijekavyske fariant fan dy taal, dy't ek yn Bosnje sprutsen wurdt. Dy taal wurdt troch guon "Montenegrynsk" neamd. Der wurdt sawol brûk makke fan it Latynske as it Syrillyske alfabet. Yn in stikmannich gemeenten mei in Albaneeske mearderheid mei de regionale oerheid ek Albaneesk brûke.

Bestjoerlike yndieling

Gemeenten fan Montenegro

Montenegro is yndield yn 21 gemeenten (opština):

  • Andrijevica
  • Bar
  • Berane
  • Bijelo Polje
  • Budva
  • Cetinje
  • Danilovgrad
  • Herceg Novi
  • Kolašin
  • Kotor
  • Mojkovac
  • Nikšić
  • Plav
  • Plužine
  • Pljevlja
  • Podgorytsa
  • Rožaje
  • Šavnik
  • Tivat
  • Ulcinj
  • Žabljak

Ekonomy

Yn it jier 1999 waard de Dútske Mark as muntienheid ynfierd. Doe't dy yn 2002 troch de euro ferfongen waard, stapte Montenegro offisjeus ek oer. It BYP per persoan is $ 11.338 (rûzing 2023). De tsjinstensektor beslacht 85-90 % fan it BYP.

Jeropeeske Uny
Lidsteaten:
BelgjeBulgarijeDenemarkDútslânEastenrykEstlânFinlânFrankrykGrikelânHongarijeIerlânItaaljeKroaasjeLetlânLitouwenLúksemboarchMaltaNederlânPoalenPortegalRoemeenjeSyprusSloveenjeSlowakijeSpanjeSwedenTsjechje
Ultraperifeare regio's:
Frankryk: Frânsk-GuyanaGûadelûpMajotMartinykReünionSint-Marten
Portegal: AzoarenMadeara
Spanje: Kanaryske Eilannen
Kandidaat-lidsteaten:
AlbaanjeBosnjeGeorgjeMoldaavjeMontenegroNoard-MasedoanjeOekraïneServjeTurkije
· · Berjocht bewurkje
Kembali kehalaman sebelumnya


Index: pl ar de en es fr it arz nl ja pt ceb sv uk vi war zh ru af ast az bg zh-min-nan bn be ca cs cy da et el eo eu fa gl ko hi hr id he ka la lv lt hu mk ms min no nn ce uz kk ro simple sk sl sr sh fi ta tt th tg azb tr ur zh-yue hy my ace als am an hyw ban bjn map-bms ba be-tarask bcl bpy bar bs br cv nv eml hif fo fy ga gd gu hak ha hsb io ig ilo ia ie os is jv kn ht ku ckb ky mrj lb lij li lmo mai mg ml zh-classical mr xmf mzn cdo mn nap new ne frr oc mhr or as pa pnb ps pms nds crh qu sa sah sco sq scn si sd szl su sw tl shn te bug vec vo wa wuu yi yo diq bat-smg zu lad kbd ang smn ab roa-rup frp arc gn av ay bh bi bo bxr cbk-zam co za dag ary se pdc dv dsb myv ext fur gv gag inh ki glk gan guw xal haw rw kbp pam csb kw km kv koi kg gom ks gcr lo lbe ltg lez nia ln jbo lg mt mi tw mwl mdf mnw nqo fj nah na nds-nl nrm nov om pi pag pap pfl pcd krc kaa ksh rm rue sm sat sc trv stq nso sn cu so srn kab roa-tara tet tpi to chr tum tk tyv udm ug vep fiu-vro vls wo xh zea ty ak bm ch ny ee ff got iu ik kl mad cr pih ami pwn pnt dz rmy rn sg st tn ss ti din chy ts kcg ve 
Prefix: a b c d e f g h i j k l m n o p q r s t u v w x y z 0 1 2 3 4 5 6 7 8 9