Share to: share facebook share twitter share wa share telegram print page

 

Kiesdistrikt

Kieskringen yn Nederlân.

In kiesdistrikt of konstituïnsje is in dielgebiet fan in lân dêr't by ferkiezings op deselde kandidaten stimd wurde kin. Yn 'e regel is it inkeld oan kiezers dy't binnen de grinzen fan sa'n kiesdistrikt wenje, tastien om dêr mei te dwaan oan 'e ferkiezings. Ut ien kiesdistrikt kin ien of mear as ien kandidaat keazen wurde foar in sit yn in folksfertsjintwurdigjend lichem. It kiessysteem dat foar kiesdistrikten yn gebrûk is, kin fan it iene ta it oare lân (en sels yn ferskillende dielen of by ferskillende soarten ferkiezings binnen itselde lân) sterk útinoar rinne.

Underskate kiessystemen

Yn 'e Angelsaksyske lannen is it bygelyks wizânsje dat de kandidaat dy't de measte stimmen kriget, it kiesdistrikt wint, en dat mei de rest fan 'e stimmen neat dien wurdt (it saneamde first-past-the-post-systeem). Yn oare lannen (wêrûnder Nederlân), dy't in systeem fan proporsjonele fertsjintwurdiging hawwe, wurde de stimmen út alle kiesdistrikten op ien grutte bulte smiten en krije politike partijen in tal kandidaten yn 'e folksfertsjintwurdiging dat evenredich is oan it totale tal stimmen dat der by de ferkiezings op harren útbrocht is. Wer oare lannen hawwe in mingfoarm fan dizze beide kiessystemen, sa't bygelyks yn Skotlân (allinnich by de ferkiezings foar it regionale Skotske Parlemint) it gefal is.

By it first-past-the-post-systeem, dat ek wol it kiesdistriktestelsel neamd wurdt, binne de kandidaten dy't keazen wurde, ferbûn oan har kiesdistrikt, sadat de lju dêre in oansprekpunt hawwe foar kwestjes op it mêd fan polityk en belied dy't harren dwaande hâlde. By in systeem fan proporsjonele fertsjintwurdiging giet de bân tusken kandidaat en kiesdistrikt as bywurking fan 'e earliker kiesmetoade ornaris ferlern.

Kieskringen

De kiesdistrikten yn Nederlân, dy't formeel kieskringen hjitte, binne in oerbliuwsel fan it kiesdistriktestelsel dat hjirre oant de ynfiering fan it frouljuskiesrjocht yn 1917 fan krêft wie. Der binne 20 kieskringen, wêrfan 19 yn Nederlân plus in tweintichste dy't Karibysk Nederlân omfiemet. De provinsje Fryslân foarmet dêrby yn syn gehiel kieskring 2. Dizze kieskringen besteane noch altyd om't se de regionale sprieding fan kandidaten foar de ferkiezings fan 'e Steaten-Generaal befoarderje soene. Yn 'e praktyk merkt de kiezer lykwols frijwol neat fan it bestean fan dizze ynstellings. By de ferkiezings foar de Provinsjale Steaten soarget it bestean fan 'e kieskringen derfoar dat lju dy't bûten de oangeande provinsje wenje, har net kandidaat stelle kinne foar in sit yn 'e Steaten fan dy provinsje. By de gemeenteriedsferkiezings foarmet eltse gemeente ien kieskring.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.

Kembali kehalaman sebelumnya


Index: pl ar de en es fr it arz nl ja pt ceb sv uk vi war zh ru af ast az bg zh-min-nan bn be ca cs cy da et el eo eu fa gl ko hi hr id he ka la lv lt hu mk ms min no nn ce uz kk ro simple sk sl sr sh fi ta tt th tg azb tr ur zh-yue hy my ace als am an hyw ban bjn map-bms ba be-tarask bcl bpy bar bs br cv nv eml hif fo fy ga gd gu hak ha hsb io ig ilo ia ie os is jv kn ht ku ckb ky mrj lb lij li lmo mai mg ml zh-classical mr xmf mzn cdo mn nap new ne frr oc mhr or as pa pnb ps pms nds crh qu sa sah sco sq scn si sd szl su sw tl shn te bug vec vo wa wuu yi yo diq bat-smg zu lad kbd ang smn ab roa-rup frp arc gn av ay bh bi bo bxr cbk-zam co za dag ary se pdc dv dsb myv ext fur gv gag inh ki glk gan guw xal haw rw kbp pam csb kw km kv koi kg gom ks gcr lo lbe ltg lez nia ln jbo lg mt mi tw mwl mdf mnw nqo fj nah na nds-nl nrm nov om pi pag pap pfl pcd krc kaa ksh rm rue sm sat sc trv stq nso sn cu so srn kab roa-tara tet tpi to chr tum tk tyv udm ug vep fiu-vro vls wo xh zea ty ak bm ch ny ee ff got iu ik kl mad cr pih ami pwn pnt dz rmy rn sg st tn ss ti din chy ts kcg ve 
Prefix: a b c d e f g h i j k l m n o p q r s t u v w x y z 0 1 2 3 4 5 6 7 8 9