Share to: share facebook share twitter share wa share telegram print page

 

Hierling

In hierling of hiersoldaat is immen dy't om it jild tsjinst nimt yn in leger. Dat ferskynsel is al tige âld. Sa die de Aldtestamintyske kening David al in berop op hierlingen, en tsjinnen dy ek yn 'e legers fan bgl. Aleksander de Grutte en Hannibal fan Kartago. Nei't it feodale stelsel, dat kriichstsjinst as fergoeding foar lân omfieme, oan 'e ein fan 'e Midsiuwen stadichoan yn it neigean rekke, waard troch foarsten weromgrepen op it alâlde prinsipe fan it oanlûken fan hierlingen.

Fan 'e trettjinde oant de santjinde iuw spilen hierlingelegers in dominante rol yn 'e Jeropeeske oarlochfiering. Ek dêrnei bleau it noch in wichtich ferskynsel oant yn 'e Napoleontyske Oarloggen de tsjinstplicht foar it earst ynfierd waard. It neidiel fan hierlingelegers wie dat se in pleach foar it lân foarmje koene as harren wurkjouwer yn jildneed kaam of ferslein waard. Dan teagen de hierlingen faak al plonderjend, ferkrêftsjend en moardzjend yn groepkes troch it lân, wêrby't nimmen ûntsjoen waard. Fral bercheftige kriten mei in lyts areaal fan grûn dat gaadlik wie foar it bedriuwen fan lânbou, en dy't sadwaande gau oerbefolke rekken, leveren yn 'e heechtijdagen fan 'e hierlegers in protte hierlingen. Dêrby stiene benammen Switserlân en Skotlân dêrom bekend.

Pas yn 'e rin fan 'e achttjinde iuw ûntjoech him foar it earst it konsept fan it nasjonale leger, dat yn 'e njoggentjinde iuw syn hjoeddeistige foarm oannaam trochdat de measte steaten doe in foarm fan tsjinstplicht ynfierden. Dochs ferdwûnen hierlingen net folslein; benammen yn koloniale legers koene se altyd noch wol in plakje fine. Sa bestie bgl. it KNYL, it Nederlânske koloniale leger fan Nederlânsk-Ynje, foar in part út ofsieren en ûnderofsieren dy't hierlingen wiene (fral út Dútslân). Tsjintwurdich bestiet noch it Frânske Frjemdlingelegioen, dat ek begûn as koloniaal leger en dat yn prinsipe noch altyd in hierlingeleger is. Fierders omfettet it Britske leger ek noch altyd de Goerka-rezjiminten, mei hierlingen út Nepal.

Njonken sokke hierlingeformaasjes yn nasjonale legers foarmen har yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw ek lytse hierlingegroepen dy't as striidmacht yn opdracht fan partikulieren operearren en soms by steatsgrepen belutsen wiene. Bekende hierlingen dy't har dêrmei dwaande holden, wiene Mike Hoare en Bob Denard. Nei 2000 binne guon hierlingegroepen, dy't harsels 'partikuliere ûnderoannimmers' (private contractors) neame, troch it Amerikaanske regear ynset yn konflikten as de Irakoarloch en de oarloch yn Afganistan. Sokke hierlingegroepen lizze by de geregelde troepen ornaris op in minne namme. Sa makken leden fan 'e groep Blackwater USA har yn Irak skuldich oan in grut tal oarlochsmisdieden. It ynternasjonaal rjocht sa't dat yn 'e Ferdraggen fan De Haach en de Konvinsje fan Sjenêve fêstlein is, biedt gjin beskerming oan hierlingen.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.

Kembali kehalaman sebelumnya


Index: pl ar de en es fr it arz nl ja pt ceb sv uk vi war zh ru af ast az bg zh-min-nan bn be ca cs cy da et el eo eu fa gl ko hi hr id he ka la lv lt hu mk ms min no nn ce uz kk ro simple sk sl sr sh fi ta tt th tg azb tr ur zh-yue hy my ace als am an hyw ban bjn map-bms ba be-tarask bcl bpy bar bs br cv nv eml hif fo fy ga gd gu hak ha hsb io ig ilo ia ie os is jv kn ht ku ckb ky mrj lb lij li lmo mai mg ml zh-classical mr xmf mzn cdo mn nap new ne frr oc mhr or as pa pnb ps pms nds crh qu sa sah sco sq scn si sd szl su sw tl shn te bug vec vo wa wuu yi yo diq bat-smg zu lad kbd ang smn ab roa-rup frp arc gn av ay bh bi bo bxr cbk-zam co za dag ary se pdc dv dsb myv ext fur gv gag inh ki glk gan guw xal haw rw kbp pam csb kw km kv koi kg gom ks gcr lo lbe ltg lez nia ln jbo lg mt mi tw mwl mdf mnw nqo fj nah na nds-nl nrm nov om pi pag pap pfl pcd krc kaa ksh rm rue sm sat sc trv stq nso sn cu so srn kab roa-tara tet tpi to chr tum tk tyv udm ug vep fiu-vro vls wo xh zea ty ak bm ch ny ee ff got iu ik kl mad cr pih ami pwn pnt dz rmy rn sg st tn ss ti din chy ts kcg ve 
Prefix: a b c d e f g h i j k l m n o p q r s t u v w x y z 0 1 2 3 4 5 6 7 8 9