Share to: share facebook share twitter share wa share telegram print page

 

Harmanus Boekhout Klaases

Harmanus Boekhout Klaases (Dokkum, 13 novimber 1810 - Ternaard, 8 oktober 1876) wie notaris en lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân fan 1851 oant 1867.

Biografy

Harmanus wie in soan fan notaris Jan Klaases (stoarn 24 augustus 1856) en Rinske Boekhoudt. Hy gie yn Ternaard nei de legere skoalle en gie yn 1824 nei de Frânske kostskoalle fan J.P. Trautmann yn Ljouwert. Nei skoalle waard er klerk op it kantoar fan syn heit.

Doe't de Belgyske Opstân (sjoch ek: Tsiendeiske Fjildtocht) útbriek naam er frijwillich tsjinst as luitenant by it 3e bataljon, 5e kompanjy, Fryske mobile skutterij. Yn 1834 koe er werom nei hûs. Hy skreau in ferslach oer syn ûnderfinings mei de titel Herinneringen van een Friesche schuttersofficier 1831-1834[1]. Yn 1836 die er it notarieel eksamen en 20 novimber waard er ta notaris beneamd en gie er oan de gong yn Ternaard. Yn 1848 gie it norariaat dêr op him oer.

De liberale Klaases wie befreone mei dûmny Rinse Posthumus fan Waaksens en Worp van Peyma út Ternaard. Fan 1851-1867 hie er in sit yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Hy die mei oan de oprjochting fan de boargerferiening West-Dongeradiel yn 1848 en wie lid fan de redaksjekommissy fan de liberale Friesche Courant, wêr't er opstellen yn skrea oer ûnder oaren de oarsprong fan de dykflorenen (sjoch: Floreenkohier).

Op 14 april 1872 krige Klaasens earfol ûntslach as notaris. Dêrnei wije er him op Herwey oan stúdzje fan Fryske skiednis. Hy skreau in skiednis fan West-Dongeradiel, yn de foarm fan in ferhelling oan 'neef Pieter'; wierheid en fiksje wikselje elkoar ôf yn dat wurk. Fierders arbeide er oan syn mémoires, Levensherinneringen, dy't in soad materiaal oer de skiednis fan Fryslân yn de 19e iuw befettet.

Literatuer

  • G.A. Wumkes, opstel yn de Nieuwe Rotterdamsche Courant 6 maart 1932, Een Friesch notaris bij Mr. Thorbecke;
  • G.A. Wumkes, 'Om in kreupelrym fen Ds. R. Posthumus', yn Jierboek fen it Kristlik Frysk Selskip 1933.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ynlieding Friezen yn de Tiendaagse Veldtocht
  • G.A. Wumkes, KLAASESZ (Harmanus Boekhout) yn de NNBW
Kembali kehalaman sebelumnya


Index: pl ar de en es fr it arz nl ja pt ceb sv uk vi war zh ru af ast az bg zh-min-nan bn be ca cs cy da et el eo eu fa gl ko hi hr id he ka la lv lt hu mk ms min no nn ce uz kk ro simple sk sl sr sh fi ta tt th tg azb tr ur zh-yue hy my ace als am an hyw ban bjn map-bms ba be-tarask bcl bpy bar bs br cv nv eml hif fo fy ga gd gu hak ha hsb io ig ilo ia ie os is jv kn ht ku ckb ky mrj lb lij li lmo mai mg ml zh-classical mr xmf mzn cdo mn nap new ne frr oc mhr or as pa pnb ps pms nds crh qu sa sah sco sq scn si sd szl su sw tl shn te bug vec vo wa wuu yi yo diq bat-smg zu lad kbd ang smn ab roa-rup frp arc gn av ay bh bi bo bxr cbk-zam co za dag ary se pdc dv dsb myv ext fur gv gag inh ki glk gan guw xal haw rw kbp pam csb kw km kv koi kg gom ks gcr lo lbe ltg lez nia ln jbo lg mt mi tw mwl mdf mnw nqo fj nah na nds-nl nrm nov om pi pag pap pfl pcd krc kaa ksh rm rue sm sat sc trv stq nso sn cu so srn kab roa-tara tet tpi to chr tum tk tyv udm ug vep fiu-vro vls wo xh zea ty ak bm ch ny ee ff got iu ik kl mad cr pih ami pwn pnt dz rmy rn sg st tn ss ti din chy ts kcg ve 
Prefix: a b c d e f g h i j k l m n o p q r s t u v w x y z 0 1 2 3 4 5 6 7 8 9