Share to: share facebook share twitter share wa share telegram print page

 

Elizabeth Haydon

Elizabeth Haydon
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Elizabeth Haydon
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 1 jannewaris 1965
berteplak ?, (Michigan)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurk
taal Ingelsk
sjenre fantasy
bekendste
  wurk(en)
Symphony of Ages-rige
útjouwer Tor Books
jierren aktyf 1999 – no
offisjele webside
gjint

Elizabeth Haydon (Michigan, 1 jannewaris 1965), is in Amerikaansk skriuwster en muzikante. Hja hat twa ûnderskate rigen romans fan it fantasysjenre skreaun, dy't beide yn deselde wrâld spylje. De wichtichste dêrfan is de Symphony of Ages-rige, dy't foar folwoeksenen bedoeld is, mar dêrnjonken is Haydon ek de auteur fan 'e Lost Journals of Ven Polypheme-searje, dy't se foar jongerein skreau.

Libben en karriêre

Haydon waard yn 1965 berne yn 'e steat Michigan. Behalven skriuwster is hja ek muzikante. Se spilet de harp en is sjongster fan Midsiuwske lieten. Fierders is se kundich op it mêd fan herbalisme (genêskrêftige krûden). Under har leafhawwerijen binne antropology en folkloare. Hja wennet op 't heden oan 'e eastkust fan 'e Feriene Steaten mei har man en trije bern.

Yn 1999 debutearre Haydon mei de roman Rhapsody: Child of Blood, it earste boek út wat de Symphony of Ages-rige wurde soe. Rhapsody is in romantyske fantasy oer twa jonge minsken, Rhapsody en Ashe, dy't yn ferskillende tiden yn deselde wrâld libje en troch in fâld yn 'e tiid mei-inoar yn 'e kunde komme en de leafde fine. Se reitsje inoar lykwols wer kwyt as Ashe nei syn eigen tiid weromskuord wurdt, dy't foar Rhapsody in fiere takomst is. Ferskate jierren letter moat Rhapsody flechtsje foar in machtich man dy't har tsjin har wil ta syn frou meitsje wol, en op har flecht moetet hja de hiermoardner Achmed en dy syn maat, de hierling Grunthor, dy't sels ek de wyk nimme moatte, foar in F'dor-demon. Troch omstannichheden wurde se twongen om in hoale yn te gean oan 'e woartels fan 'e wrâldbeam. Trijeresom reizgje se dan troch de midden fan 'e Ierde, wat ek in reis troch de tiid blykt te wêzen, want as se nei in lange, lange reis oan 'e oare kant foar 't ljocht komme, hawwe se Ashe syn tiid berikt. Lykwols wachtet de ûnstjerlike demon harren op, en ek oare fijannen binne har troch de tiid hinne folge.

Rhapsody waard yn 2001 folge troch Prophecy, en yn 2002 troch Destiny, wêrmei't Haydon har Rhapsody-trilogy besleat. It sil grif nimmen nij dwaan dat Rhapsody en Ashe inoar úteinlik krije. Yn Requiem for the Sun (2003) en Elegy for a Lost Star (2004) kamen Rhapsody, Ashe, Achmed en Grunthor foar nije soargen en swierrichheden te stean. Dy beide romans, wurde wol de Middelboeken neamd, mei't Haydon se as brêge nei in twadde trilogy brûkte. Yn 2006 kaam The Assassin King út, it earste boek fan 'e War of the Known World-trilogy, mar neitiid kaam dat wurk stil te lizzen, doe't Haydon ûnder ynfloed fan it opgroeien fan har bern besleat om gear te gean oer de Lost Journals of Ven Polypheme-searje.

De Lost Journals of Ven Polypheme is in rige ferhalen foar tiners dy't yn deselde wrâld spilet as de Symphony of Ages, mar oer de aventoeren fan 'e seeman Ven Polypheme giet. Yn 2006 kaam dêrfan The Floating Island út, yn 2007 The Thief Queen's Daughter, en yn 2009 The Dragon's Lair. Yn 2014 folge diel fjouwer, The Tree of Water. Datselde jiers kaam einlings ek it twadde diel fan 'e War of the Known World-trilogy út: The Merchant Emperor. Yn 2015 sil Haydon dy trilogy ôfrûnje mei The Hollow Queen.

Wurk

Romans
  • de Symphony of Ages-rige
    • de Rhapsody-trilogy
      • 1999 – Rhapsody: Child of Blood
      • 2001 – Prophecy: Child of Earth
        • Nederlânske oersetting: Profetie (fert. Jet Matla, 2002)
      • 2002 – Destiny: Child of the Sky
        • Nederlânske oersetting: Symfonie (fert. Jet Matla, 2003)
    • de Middelboeken
      • 2003 – Requiem for the Sun
        • Nederlânske oersetting: Requiem voor de Zon (fert. Jet Matla, 2005)
      • 2004 – Elegy for a Lost Star
    • de War of the Known World-trilogy
      • 2006 – The Assassin King
      • 2014 – The Merchant Emperor
      • 2015 – The Hollow Queen
      • 2016 – The Weaver's Lament
  • de Lost Journals of Ven Polypheme-searje
    • 2006 – The Floating Island
    • 2007 – The Thief Queen's Daughter
    • 2009 – The Dragon's Lair
    • 2014 – The Tree of Water
Koarte ferhalen
  • 2003 – Threshold (yn 'e ferhalebondel Legends II)
  • 2004 – The Merrow (yn 'e ferhalebondel Emerald Magic: Great Tales of Irish Fantasy)

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Kembali kehalaman sebelumnya


Index: pl ar de en es fr it arz nl ja pt ceb sv uk vi war zh ru af ast az bg zh-min-nan bn be ca cs cy da et el eo eu fa gl ko hi hr id he ka la lv lt hu mk ms min no nn ce uz kk ro simple sk sl sr sh fi ta tt th tg azb tr ur zh-yue hy my ace als am an hyw ban bjn map-bms ba be-tarask bcl bpy bar bs br cv nv eml hif fo fy ga gd gu hak ha hsb io ig ilo ia ie os is jv kn ht ku ckb ky mrj lb lij li lmo mai mg ml zh-classical mr xmf mzn cdo mn nap new ne frr oc mhr or as pa pnb ps pms nds crh qu sa sah sco sq scn si sd szl su sw tl shn te bug vec vo wa wuu yi yo diq bat-smg zu lad kbd ang smn ab roa-rup frp arc gn av ay bh bi bo bxr cbk-zam co za dag ary se pdc dv dsb myv ext fur gv gag inh ki glk gan guw xal haw rw kbp pam csb kw km kv koi kg gom ks gcr lo lbe ltg lez nia ln jbo lg mt mi tw mwl mdf mnw nqo fj nah na nds-nl nrm nov om pi pag pap pfl pcd krc kaa ksh rm rue sm sat sc trv stq nso sn cu so srn kab roa-tara tet tpi to chr tum tk tyv udm ug vep fiu-vro vls wo xh zea ty ak bm ch ny ee ff got iu ik kl mad cr pih ami pwn pnt dz rmy rn sg st tn ss ti din chy ts kcg ve 
Prefix: a b c d e f g h i j k l m n o p q r s t u v w x y z 0 1 2 3 4 5 6 7 8 9