André Hissink
André Louis Armand Hissink (Batavia, 26 juny 1919 - Perth Kanada, 1 jannewaris 2024) wie in Nederlânsk kriichsfeteraan dy't yn de Twadde Wrâldkriich tsjinne by it 320 Dutch Squadron fan de Britske Royal Air Force (RAF). LibbensrinHissink waard berne yn Batavia yn de Nederlânske koloanje Nederlânsk-Ynje. Doe't hy acht jier âld wie ferhuze de famylje Hissink werom nei Nederlân. Nei de middelbere skoalle studearre er rjochten oan de Ryksuniversiteit Utert, mar moast dy stúdzje ôfbrekke, om't er fanwegen de mobilisaasje oproppen waard foar it leger. Hy ûntkaam oan it bombardemint op Rotterdam en gie dêrop nei it Feriene Keninkryk. Yn 1943 foltôge er syn oplieding ta piloat yn syn bertestêd Batavia, en ek yn de Feriene Steaten, wêrnei't er as piloat op in bommesmiter by de RAF yn tsjinst gie. Hy waard ûnderdiel fan it 320 Dutch Squadron, dat kriichsmisjes útfierde boppe Nederlân, Belgje, Frankryk en Dútslân. Hissink waard yn desimber 1944 út de loft sketten nei in oanfal op de Dútsers by it ardinnenoffinsyf, mar dit wist er te oerlibjen. Yn totaal makke hy 69 flechten mei dit squadron. Nei de oarloch kearde Hissink werom nei Nederlân, dêr't er sollisitearre nei wurk as piloat, mar hy krige te hearren dat der gjin plak foar him wie binnen de Nederlânske loftfeart. Hy hie mear sukses yn it bûtenlân, sa wurke er yn Switserlân, Nij-Seelân en Kanada. André Hissink ferstoar op 1 jannewaris 2024, yn 'e âldens fan 104 jier.
|