1967 is in gewoan jier dat begjint mei in snein. (Gregoriaanske kalinder foar 1967.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1960-er jierren.
Foarfallen
- 2 jannewaris - Der wurdt foar it earst reklame útstjoerd op 'e Nederlânske tillefyzje.
- 21 april - By in steatsgreep yn Grikelân komt mei it saneamde Kolonelsrezjym, in militêre diktatuer, oan 'e macht.
- 24 april - It flaaksfabryk fan Mûnein slút de doarren.
- 28 april - De Amerikaanske fleantúchbouwers McDonnell Aircraft en de Douglas Aircraft Company fúzjearje ta McDonnell Douglas.
- 10 maaie - It J.L. Hooglandgemaal by Starum wurdt offisjeel iepene.
- 30 maaie - Biafra, in steat foar etnyske Ibo yn it súdeasten fan Nigearia, ropt de ûnôfhinklikheid út. Dit liedt ta de tige bloedige Biafraanske Oarloch (ek wol de Nigeriaanske Boargeroarloch neamd).
- 5-10 juny - De Seisdeiske Oarloch: Israel falt de Arabyske lannen Egypte en Syrje oan. Jordaanje en ferskate oare Arabyske lannen minge har letter yn 'e striid. Troch it Israelyske oerwicht yn 'e loft wurdt de oarloch yn seis dagen beslist mei in klinkende oerwinning. Israel beset dêrby East-Jeruzalim, it Westjordaanlân, de Gaza-stripe, it Sinaï-skiereilân en de Golan-hichte.
- 13 juny - Under de Omgong fan Frankryk stjert de Ingelske hurdfytser Tommy Simpson by de beklimming fan 'e Mont Ventoux.
- 26 july - De Frânske presidint Charles de Gaulle brekt syn steatsbesyk oan Kanada, yn ferbân mei it hûndertjierrich bestean fan dat lân, ôf nei't it regear yn Ottawa de foarfallen ûnder syn besyk oan 'e Frânsktalige provinsje Kebek "ûntalitber" neamd hat. Yn Kebek hie De Gaulle in taspraak yn Montreal besletten mei de útrop "Vive le Québec libre!" ("Lang libje it frije Kebek!"), in ferwizing nei de ôfskiedingsbeweging yn dy provinsje.
- 28 juny - It earste bleat op 'e Nederlânske tillefyzje: aktrise Phil Bloom yn it VPRO-programma Hoepla.
- 8 augustus - Yndoneezje, de Filipinen, Maleizje, Singapoer en Tailân rjochtsje de ASEAN op.
- 9 oktober - De ferneamde Argentynske revolúsjonêr Che Guevara wurdt yn Bolivia finzen nommen troch de Amerikaanske feilichheidstsjinst CIA en it Boliviaanske leger, en neitiid stânrjochtlik eksekutearre.
- 14 oktober - De iisbaan Thialf op It Hearrenfean wurdt iepene.
- 30 novimber - Súd-Jemen wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 3 desimber - De Súdafrikaanske sjirurch Christiaan Barnard fiert de earste herttransplantaasje by in minske út.
Berne
- jannewaris
- febrewaris
- maart
- april
- maaie
- juny
- july
- augustus
- septimber
- oktober
- novimber
- desimber
- datum ûnbekend
Ferstoarn
Literatuer
- prizen
- romans
Films
Byldzjende keunst
Boukeunst
Keppeling om utens (fideo)
- Polygoon jieroersjoch 1967 (Nederlân) (.wmv)
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory 1967 fan Wikimedia Commons.
|
|
|