Gerrit den Braber
Gerrit den Braber (Rotterdam, 23 maart 1929 – Blarikum, 3 maaie 1997) wie in Nederlânsk lietsjes- en tekstskriuwer. Ek hat er ferskaat oan radio- en telefyzjeprogrammas produsearre, regissearre en presintearre. LibbenDen Braber rjochte yn 1947 mei freonen de Rotterdamske sike-omrop RANO (=Radio Noord) op. Troch it meidwaan oan Minjon (Miniatuur Jeugd Omroep Nederland) kaam er yn 1955 yn tsjinst fan de AVRO op de ôfdieling Jeugdprogramma's fan Herman Broekhuizen. Oant 1965 fersoarge er berne-, jongerein- en amusemintsprogramma's. Bekend wie bygelyks it programma Rooster. Fan 1966 ôf wurke er by Phonogram Records as producer en haad programmaburo. Letter wurke er ek noch in skoftke foar VNU yn Haarlim. Ienkear werom by de AVRO makke er ûnder mear radioprogramma's. Bekend waard De Burgemeester is jarig. Den Braber wie skieden en hy dêrnei in relaasje mei Thérèse Steinmetz. Hy en syn earste frou hiene trije bern. Den Braber stoar yn de âldens fan 68 jier oan de gefolgen fan in harsensynfarkt. WurkKarút:
Fierders hat er ûnder oaren de Nederlânske tekst fan Hoi, Pippi Langkous skreaun en ferskate lietsjes foar it Eurofyzjesjongfestival. De measte fan sun lietsjes binne yn it Nederlânsk. Den Braber skreau ek ûnder de skûlnammen Peter Cirkel en Lodewijk Post. Yn 1975 ûntfong Den Braber in Gouden Harp. Der is ek in Rotterdamske priis nei him ferneamd, de Gerrit den Braber Muzepriis, in wurdearingspriis. Keppelingen om utens
|