Suze Boschma-BerkhoutSuzanna Catharina (Suze) Boschma-Berkhout (Indramayu (Yndoneezje), 31 maaie 1922 - Alphen aan den Rijn, 2 july 1997) wie in Nederlânsk byldhouster. Suze Boschma-Berkhout waard berne op West-Java. Waard yn it earstoan oplaat ta kreamheinster, mar folge nei de Twadde Wrâldoarloch in oplieding oan de Ambachtskeunstskoalle Quellinus yn Amsterdam. Yn 1963 fêstige se har yn Ljouwert. Makke in soad muorredekoraasjes. Se waard bekend troch har protte figurative bylden, dy't op in soad plakken yn Nederlân ferwize nei historyske of literêre personaazjes. Hja troude yn 1954 mei Cornelis Boschma, amtner Monumintesoarch fan it departemint fan OK&W en waard mem fan fiif bern. Wurk
|