Rita Hayworth
Rita Hayworth, berne as Margarita Carmen Cansino (New York, 17 oktober 1918 - dêre, 14 maaie 1987) wie in Amerikaanske readhierige aktrise en sekssymboal, it meast opfallend yn Gilda (1946). Sy ferskynde yn 61 films yn 37 jier. Al doe't hja noch in bern wie oefene sy har yn 't dûnsjen. Mei tolve jier stie Rita al op de planken, mar yn 1935 krige hja in kontrakt by Fox Studios. Sy feroare har namme ta Rita Hayworth. Dêrnei krige sy in kontrakt by Columbia Pictures en waard ferneamd mei har rol yn de film Only Angels Have Wings (1939). Har folgjende film wie yn 1941; se spile yn The Strawberry Blonde, en doe yn Blood and Sand (ek yn 1941). Nei dy lêste film waard hja in stjer. Sy waard in pinup-girl en in protte soldaten yn de Twadde Wrâldkriich hiene har foto mei. Hayworth hat fiif kear troud west. (Basically, I am a good, gentle person, hat hja in kear sein, but I am attracted to mean personalities.) Hja hat der twa dochters oan oerhâlden. Rita Hayworth hat in grut part fan har libben in swiere drinker west. Yn de jierren 60 krige sy de sykte fan Alzheimer, wat eltsenien let troch hie fanwegen har alkoholisme. Hayworth stoar earst op 14 maaie 1987. Filmografy
Fierder lêze
Keppelings om utens |