James StewartJames Maitland "Jimmy" Stewart (Indiana (Pennsylvania), 20 maaie 1908 - Beverly Hills (Kalifornje), 2 july 1997) wie in Amerikaansk filmakteur, dy't tige populêr by it publyk wie. Jimmy Stewart spile foaral sjuchtwei hinne all-American rollen, faak freonlike, fatsoenlike, bytsje skrutene karakters. Guon fan de films dêr't er yn meidie wurde no as klassikers beskôge, sa as Frank Capra's It's a Wonderful Life en Mr. Smith Goes to Washington en Alfred Hitchcocks Rear Window en Vertigo. James Stewart hat fiif kear gading makke nei in Oscar, wêrfan er ien krigen hat. Yn 1984 krige er in eare-Oscar. Neist syn filmkarriêre hat Stewart ek lang tsjinne by de loftmacht. Yn 1941 gong er it leger yn om te tsjinjen yn de Twadde Wrâldkriich. Hy wie de earste akteur dy't dat die. James Stewart waard piloat op in bommedrager, en fierde in soad misjes boppe Dútslân út. It levere him tal fan ûnderskiedings op, wêrby it Distinguished Flying Cross, de Croix de guerre wiene. Yn 1959 tsjinne er noch by de Air Force Reserve. Earst yn 1968 ferliet er it leger. Syn lêste misje wie boppe Noard-Fietnam yn in B-52 Stratofortress. Wilens wie er doe Brigadegeneraal. Op 9 augustus 1949 troude er mei it eardere model Gloria Hatrick McLean. Hy wie doe 41 jier. Sy binne by inoar bleaun oant har dea op 16 febrewaris 1994. Se hiene in twilling, Judy en Kelly, berne op 7 maaie 1951. Gloria hie noch twa soannen út in earder houlik, Michael en Ronald. Ronald sneuvele yn 1969 yn de Fietnamoarloch. SitaatYou hear so much about the old movie moguls and the impersonal factories where there is no freedom. MGM was a wonderful place where decisions were made on my behalf by my superiors. What's wrong with that? Lêste wurden: I'm going to be with Gloria now. Folsleine filmografy
Telefyzje projekten
Dokumintêres en koarte ûnderwerpenUnfolslein
Keppelings om utens
|