De Kast
Alde KastDe Kast kaam yn 1992 fuort út de eardere groep Wish to Escape. Oarspronklike besetting:
Op 21 desimber 2002 joech De Kast it lêste konsert yn de âlde besetting yn de Amsterdam ArenA. Syb van der Ploeg en Nico Outhuyse giene hjirnei fierder mei in nije Ingelsktalige rockgroep Spanner. Nije KastOp 21 desimber 2002 jout De Kast it lêste konsert yn de Amsterdam ArenA. Syb van der Ploeg en Nico Outhuyse geane fierder mei in nije Ingelsktalige rockgroep neamd Spanner. Kees Bode gjit fierder mei Ubrabaya Yn jannewaris 2003 kamen Jan Tekstra as sjonger en Fokke de Jong as drummer by de oerbleaune leden fan De Kast. Sûnt oktober 2003 hat de groep dan de namme De Nije Kast. Yn jannewaris 2004 waard de namme wer feroare nei De Kast. Om de minne plateferkeap waard besletten wer op te hâlden mei De Kast. Op 4 july 2004 jûch De Kast in ôfskiedsoptreden yn de Teatertún yn Riis. Op 10 novimber 2006 hat De Kast noch ien kear optreden, by de Fryske Music Night yn Ljouwert. Yn 2009 waard De Kast lykwols weroprjochte. |